Elmar Kuiper lêst op 31 maart 2024 yn Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.
Still út Minskewolf
Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen Rûzje Wyn (Fluister Wind), dy’t regisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper, hieltyd om in Frysk gedicht hinne.
In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kearde werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.… Lês fierder