Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. Har earste moannegedicht is ‘nu het nacht is / no’t it nacht is’.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Ina Schroders-Zeeders is dichter fan de moanne maart 2024. Har earste moannegedicht is ‘nu het nacht is / no’t it nacht is’.
Lês en sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst.
Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Vandaege over een weke, op 8 meert, is d’r een Stellingwarfs-Friese literaire middag in de biebeltheek van Wolvege. De middag is van 14.30 ure tot 16.00 ure en zal verzorgd wodden deur de Friese schriever Douwe Kootstra en de Stellingwarver schriever Johan Veenstra. Dat bin ik dus. En dat allemaole naor anleiding van et uutkommen van Naozoemerlaand, mien dattigste boek.
Lês fierder by Johan Veenstra… Lês fierder
Bûsdoeken mei it fers Bining fan skriuwster Baukje Wytsma (1946-2022) binne te sjen yn de útstalling Threads fan Manchester UNESCO City of Literature.
Tekstyl en triedden binne djip ferweve yn ‘e skiednis fan Manchester. De stêd en de omlizzende stêden waarden lange tiid sjoen as ‘Cottonopolis’, fanwegen de enoarme bydrage oan de katoenyndustry.
Yn de útstalling binne ûnder oare meartalige teksten en tekstyl út UNESCO Cities of Literature Odessa, Reykjavik, Granada, Ljouwert, Wroclaw, Melbourne, Exeter, Nottingham en Manchester sels te sjen.
Lês en sjoch fierder by leeuwardencityofliterature… Lês fierder
Understeande brief, mei ûndertekene troch Gabor Landman út namme fan Stichting European Language Rights en Mirka Antolović -Tipurić, directrice fan Tûmba, kennissintrum foar diskriminaasjesaken, diversiteit en gelikensens, is ferstjoerd nei de direksje fan de ING:
Lês fierder by de Jongfryske Mienskip… Lês fierder
Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen.
Lês fierder by Tresoar… Lês fierder
70ste Rely Jorritsma-priisfraach iepensteld
LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en
gedichten 2024 is iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach
útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers
ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin
maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of
gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 1 maaie o.s.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint
bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de
bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder