Aginda 24-09-2023: Douwe Kootstra oer Gerben Rypma

logo.ensafh

Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp.… Lês fierder

Teleks: Skriuwster Lida Dijkstra wint priis foar bêste histoaryske jeugdboek

logo.ensafh

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Archeon Thea Beckmanpriis wûn. Har roman Schaduw van Toet is ferkeazen ta bêste histoaryske jeugdboek fan it jier.
It boek giet oer farao Toetanchamon en syn healsuster oan it hôf fan de farao’s yn it âlde Egypte. Dijkstra krige de priis om’t har ferhaal Toetanchamon ‘vakkundig en trefzeker’ yn de histoaryske kontekst set.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: TRYATER SIKET SKRIUWERS

logo.ensafh

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze. In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop.

Wat we dwaan sille.
As dielnimmer fan dizze workshop giest yn petear mei muzikanten fan Fryske fanfares. Wêrom giet immen alle wiken nei de repetysje? Wat driuwt him of har? Yn tarieding nei Ynblaze ta hawwe skriuwer Wessel de Vries en regisseur Tatiana Pratley lyksa yn petear west mei in tal fanfareleden.… Lês fierder

Aginda 01-10-2023 o/m 22-10-2023: Presintaasje ‘It ritme fan RIXT’

logo.ensafh

It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.

De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns.… Lês fierder

Teleks: It doek falt foar De Nije Bildtse Post: krante kin finansjeel net mear út

logo.ensafh

De Nije Bildtse Post hâldt fuortendaalks op. Utjouwer Pieter Jan Heidstra naam it blêd twa jier lyn oer en makke fan in wykblêd in krantsje dat ien kear yn de moanne útkaam. Heidstra moat no tajaan dat it finansjeel net út kin.
“It wie gjin maklik beslút. As ik der saaklik nei sjoen hie, wie ik yn jannewaris al ophâlden, mar ik bin in wâldpyk en ik haw in hekel oan belies jaan. Ek foar de minsken fan de redaksje woe ik troch, dy rekkenje op je”, seit Heidstra.
Likegoed it tal lêzers yn it ferspriedingsgebiet as it tal advertearders is te lyts.… Lês fierder