Teleks: Siart Smit hâldt op as direkteur fan Oerol: “Het was een pittige periode”

logo.ensafh

Nei fiif jier hâldt Siart Smit op as algemien direkteur fan Oerol. Smit seit dat it foar himsels en foar it festival better is as der no in oare direkteur komt.
It wie in pittige perioade, seit Smit. Yn de fiif jier dat hy ferantwurdlik wie foar Oerol, is it festival op Skylge twa kear net trochgien fanwegen corona, en ferstoar oprjochter Joop Mulder.
Yn de tiid dat hy der siet, is de organisaasje bot feroare, seit Smit. De minsken binne jonger wurden. En de ynhâldlike koers fan it festival is ferlein: duorsumens is no belangriker wurden.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Tresoar giet fierder sûnder Obe

logo.ensafh

Fan 1 septimber 2023 ôf makket Tresoar net langer gebrûk fan Obe foar útstallings en presintaasjes. Fiif jier lang hat Tresoar yn Obe, it poadium foar Fryske kultuer, in breed kultureel programma delset, en dêr binne wy grutsk op! Wy sette dat programma dan ek graach troch – yn ús eigen gebou oan de Bûterhoeke yn Ljouwert.

Literatuermuseum Fryslân
Tresoar is ien fan de twa literatuermusea dy’t der yn Nederlân binne. Fan dit jier ôf wurdt der yn it Tresoargebou wurke oan in nije opset fan it literatuermuseum. Mei de realisaasje fan it fernijde literatuermuseum én in nije eksposysjeromte foar wikseljende útstallingen slaan wy de bledside om nei in nij haadstik fan Tresoar as (literatuer)museum.… Lês fierder

Aginda 03-11-2023: Frysk Boekefeest 2023

logo.ensafh

Op freedtejûn 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest it startsein jûn foar de Fryske Boekewike fan 4 o/m 12 novimber. Op dizze feestlike jûn sil ek it Kadoboek fan Anita Terpstra presintearre wurde dat ferfolgens de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen is by besteging fan op syn minst €15,00 oan Fryske Boeken.

It Fryske Boekefeest mei de presintaasje fan it Kadoboek fan Anita Terpstra wurdt it jier holden yn Dansschool Saco Velt yn Ljouwert. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Bart Kingma, de muzyk wurdt fersoarge troch DJ Ritsko. Ynrin: 20.00 oere, tagong fergees. Elk is fan herte wolkom!… Lês fierder

Teleks: In jier langer Fryske literatuer op it menu yn Kafee De Gouden Leeuw

logo.ensafh

Kafee De Gouden Leeuw – it smûke brune kafee fan Tresoar – bliuwt noch in jier langer iepen! Oant en mei desimber 2024 (!) genietest hjir fan al it moais dat de Fryske literatuer te bieden hat.

Yn it pop-up kafee hawwe it ôfrûne healjier tal fan (literêre) aktiviteiten west. Sa lansearren we Operaesje Fers mei it Frysk Film en Audio Argyf, hâlden we in dichtmiddei mei Tsead Bruinja en Hiske Oosterwijk én organisearren we in Fryske boekemerk. Ek de Fryske SLAM mei Gabrielle Terpstra en Sigrid Kingma, de kursusjûnen yn it Kafee en ferskate boekpresintaasjes wienen in grut sukses!

Lês fierder by TresoarLês fierder

Teleks: Aggie van der Meer ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.
Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stêd har hiele libben trou. Sy brocht dêr har bernejierren troch, siet dêr op skoalle en is der ek troud.
Sy wie jierren aktyf foar de Vredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel De Kamiel fan Omke Romke.… Lês fierder