Teleks: Trijelûk oer Gerard Reve yn FryslânDOK

logo.ensafh

Sjochtip

Gerard Reve wenne yn de sechtiger jierren yn Greonterp. De earder dit jier ferstoarne Gryt van Duinen makke yn 2006 in trijelûk oer de skriuwer syn Fryske tiid. Dy rige is yn FryslânDOK te sjen.
Gerard Reve (1923-2006) socht rêst en in eigen plak yn Fryslân en fûn dat yn in arbeiderswenninkje yn Greonterp, flakby Blauhús. Hy wenne dêr mei syn partners Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat). Neist argyfmateriaal dat in prachtich t iidsbyld sjen lit, gie programmamakker Gryt vanDuinen (1950-2023) nei Greonterp om werom te sjen op de jierren yn Huize Het Gras.

Sjoch foar mear ynformaasje by Omrop Fryslân (pdf)

 … Lês fierder

Teleks: Gadingmakkers foar Tresoar Fellowship socht

logo.ensafh

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Aginda 19-08-2023: Swanneblomfestival

logo.ensafh

Op sneon 19 augustus fynt de sechsde edysje plak fan it Swanneblomfestival, in lyts festival fol ferhalen, muzyk en poëzij. Lokaasje is de Teetún fan Slappeterp, fan 16.00 oant 22.00 oere, mei fan 18.30 oant 19.30 oere in pauze om te iten. In ferskaat oan spoken word-artiesten, dichters, fertellers en muzikanten sil hjir optrede, lykas Hein Jaap Jaap Hilarides, Dien L. de Boer, Peter van Lier, Job Degenaar, Rudy Lobisch, Frank Stolwijk, Michel Duijves, Ria Westerhuis, Bas Witlox, Wiep Kingma, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Gerryt Huizenga, Henny Peetsma, Janneke Spoelstra en Peter Vermaat.

Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert, City of LiteratureLês fierder

Teleks: Eltsenien kin meihelpe oan it langste Dada-gedicht yn Drachten

logo.ensafh

Yn museum Dr8888 kinne besikers meidwaan oan it meitsjen fan it langste Dada gedicht ea yn in spesjale ynstallaasje fan keunstner Marten Winters. Eltse besiker kin in wurd ynsprekke foar it gedicht.
Dada is in streaming fan begjin 1900 tsjin logika en it beredenearre fan saken, mar just foar bygelyks yntuysje. It museum yn Drachten hat dêr in tentoanstelling oer, en oer de Dútske Dadaïstyske keunster Kurt Schwitters dy’t mei besites oan Drachten de keunstners hjir ynspirearre.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: DINGtiid wol dat demisjonêre kabinet de Fryske taal net lizze lit

logo.ensafh

Set troch mei it belied oangeande de Fryske taal, ek al is it kabinet demisjonêr. Dat is de oprop fan DINGtiid, it advysorgaan foar de provinsje en it Ryk foar it Frysk.
DINGtiid hat dit fersyk kenber makke yn in brief oan alle Twadde Keamerfraksjes. It advysorgaan bûget him op dit stuit oer in tal Fryske kwestjes, nei oanlieding fan in tal moasjes dy’t ferline jier oannaam is.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder