Aginda 23-09-2023: Literair Festival Dokkum

logo.ensafh

Op 23 september 2023 vindt in de Bonifatiuskapel het Literair Festival Dokkum plaats, het grootste literaire festival van Friesland. En daar horen de grootste namen uit de Nederlandse literatuur bij! Bibliotheken Noord Fryslân en Boekhandel Van der Velde nodigden voor deze eerste editie Adriaan van Dis, Heleen van Royen en Esther Gerritsen uit. Zij reizen graag af naar Dokkum, net als de Literaire Boyband, die eerder op Lowlands stond en met hun nummer Adriaan van Discotheek perfect past in het programma. Er is natuurlijk ook een podium voor lokale literaire of muzikale helden: Hiske Oosterwijk zingt prachtig in het Fries en Tsead Bruinja voegt Friese gedichten toe aan het programma.… Lês fierder

Teleks: Winners Rely Jorritsmapriis 2023

logo.ensafh

Sân winners fan Rely Jorritsmapriis 2023

LJOUWERT – Twa ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in
Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Nachtskaad’ fan Koos
Tiemersma (Drachten) en ‘It lûd’ fan Tryntsje van der Steege (Nyegea).
De winnende gedichten binne ‘Hapke fan neat’ fan Benny Holtrop (De
Knipe), ‘Fers om te ferjitten’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Hoe’t it
liket’ fan Ypie Bakker (Achlum), ‘De winter sil yn jute sliepe’ fan
Remco Kuiper (Goutum) en ‘In symfoanysk akwarel fan dyn toarst’ fan
Sytse Jansma (Harns).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 69ste kear
útskreaun waard, wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, te witten 56
gedichten en 33 ferhalen.… Lês fierder

Teleks: Podcast Jongfryske Mienskip

logo.ensafh

De Jong Fryske Mienskip hat in podcast pilot makke wêryn wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, wilens in kuierke of mei byld derby lekker op ‘e bank: lit it us witte via de soosjals mei stekje: #JFMpodcast.

Yn dizze twadde ôflevering is Gabor Landman te gast. Gabor Landman is fan de stifting european language rights en wy beprate in tige wichtich ûnderwerp: de skeining fan taalrjochten fan ferskate minderheden yn Europa wêrûnder de Friezen. Dêrneist hawwe wy it oer Oekraïne, minskerjochten, memmetaal, Transilvanië en noch folle mear.… Lês fierder

Teleks: Last call 12e Dag van de Friese taalkunde

logo.ensafh

Het Taalkundich Wurkferbân van de Fryske Akademy organiseert dit jaar de twaalfde Dag van de Friese taalkunde. De dag is bedoeld voor iedereen die zich direct of indirect bezighoudt met de taalkunde van het Fries: grammatica, fonetiek/fonologie, naamkunde, lexicologie, sociolinguïstiek, historische taalkunde, kindertaalverwerving, enz. In de lezing kan over wetenschappelijk onderzoek gerapporteerd worden, maar presentaties van onderzoeksplannen, van speculaties of van taaldatabanken zijn ook welkom. Lezingen kunnen gehouden worden in alle talen die tot de West-Germaanse taalfamilie behoren.

Wanneer: vrijdag 6 oktober 2023

Sjoch foar mear ynformaasje by NeerlandistiekLês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclass Literêre Performance

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Lês fierder by Ljouwert, City of LiteratureLês fierder

Teleks: Skriuwer Hylke Speerstra krijt Fryske Anjer “Ferhaleferteller pur sang”

logo.ensafh

Skriuwer Hylke Speerstra krijt de Fryske Anjer fan 2023. Dat hat it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân bekend makke. De Fryske Anjer wurdt alle jierren takend oan in persoan of in organisaasje dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer.
Neffens it kultuerfûns is de 87-jierrige Speerstra fan grutte betsjutting foar de Fryske literatuer en hat er de Fryske taal en tema’s mei syn boeken foar in grut publyk tagonklik makke.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder