Aginda 20-07-2023: Presintaasje nij Bûsboekje

logo.ensafh

It nij Bûsboekje 2024, edysje 49, sil op tongersdei 20 july fan 17.00 oant 19.00 oere presintearre wurde. De redaksje wol nigethawwers dêrfoar útnûgje.

De presintaasje sil wêze yn it Proeflokaal fan Grutte Pier Brouwerij, Bartlehiem 23, 9091 BH, Wyns. Jan Arendz en Marijke Geertsma sille foarút sjen nei harren nije foarstelling Fêste Grûn, dy’t yn oktober yn premjêre giet.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Aginda 08-10-2023 o/m 15-10-2-23: Aktiviteiten yn de Gysbert Japicxpriis wike

logo.ensafh

Dit jier wurdt de wichtichste literêre priis fan Fryslân, de Gysbert Japicxpriis, wer útrikt. De advyskommisje bestiet út Jarich Hoekstra, Jelma Knol en Rieuwert Krol. Sy hawwe alle Fryske proazawurken fan de ôfrûne fjouwer jier lêzen. Op sneon 14 oktober wurdt de priis yn Boalsert útrikt. Foarôfgeand oan dy dei wurde aktiviteiten organisearre. Tresoar hat de organisaasje yn hannen en wurket gear mei oare literêre organisaasjes.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclass Literêre Performance

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Mei akteur en teatermakker Karel Hermans silst oan ‘e gong mei hâlding, stimgebrûk, ynterpretaasje en teatertechnyk.… Lês fierder

Teleks: Tresoar nimt seldsume snydselbank op yn kolleksje

logo.ensafh

Op 2 july 1947 stapten de 27-jierrige Cornelis (Cees) Joustra en 27-jierrige Bouk de Boer yn it houliksboatsje. Dat fierden se mei famylje en freonen yn kafee Bergsma yn Easterein. Spesjaal foar dit bysûndere barren makken freonen fan Cees in saneamde ‘schnitzelbank’. It dokumint is 76 jier letter noch yn goede steat en is dit jier skonken oan Tresoar. As ien fan de mar pear argiven fan Nederlân is Tresoar no yn it besit fan in schnitzelbank!

Lês fierder by EBLTLês fierder

Aginda 03-07-2023: Presintaasje “Naar gelang het Noorden”

logo.ensafh

Takom moandei, 3 july 2023, om 16.30 oere, sil yn it Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert, deputearre Sietske Poepjes it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme fan de brosjuere “Naar gelang het Noorden”. Der sille ek in tal gedichten út de bondel foardrûgen wurde.

Yn dit lytse boek wurdt in skets jûn fan it wurk fan tsien renommearre Fryske dichters.
It boek is gearstald troch in wurkgroep fan fiif leden fan it Skriuwersbûn en troch dizze wurkgroep ûndertusken oanbean oan bestjoer en sjuery fan de stichting P.C. Hooft-prijs.
Dy sjuery is krekt begoan mei har wurksumheden, dy’t liede sille ta de foardracht fan in winner fan dizze Nederlânske oeuvrepriis.… Lês fierder