Teleks: Sprekende Stenen wint LC Publieksprijs

logo.ensafh

Hoera! Literatuurproject Sprekende stenen heeft woensdag 11 december bij de uitreiking van de Vredeman de Vriesprijs voor vormgeving 2024 in Museum Joure de LC-publieksprijs gewonnen. Iedereen die op ons heeft gestemd: Ontzettend bedankt! En we kregen ook nog eens een eervolle vermelding.

Ineke van der Blom (ontwerp/vormgeving) en Sytse Jansma (concept) hebben dit project in opdracht van Leeuwarden UNESCO City of Literature ontwikkeld.

Lês fierder by Sytse JansmaLês fierder

Blog Lomme en Jan Schokker: Lêze en genêze

logo.ensafh

Tryst datsto net it folle pûn hellest út blykber in seldsume oanbieding fan poerbêste gratis boeken, ek al binne se dan miskien hielendal dyn smaak net. Moatte wy ús no soargen meitsje om dy? Hast it wer ris te heech yn ’e holle? Moatte wy dy neisjen litte? Of sille wy it der foarearst mar op hâlde dat elk gewoanwei syn eigen smaak en nuvere riten hat? En do hast in pear nuvere fansels. Ik bin der wis fan dat heit him omdraait op of yn syn wolke fan jiskewille fier boppe ús. Dat útrekkene do ús heit syn sunichheid net meikrigen en opheind hast.… Lês fierder

Teleks: ‘Oerheid docht oan taaldiskriminaasje Fryske finzenen’, seit De Fryske Beweging

logo.ensafh

It ûndersteande stik jout de reaksje wer fan De Fryske Beweging op de antwurden fan de minister fan Ynlânske Saken op de Keamerfragen oer de finzene dy’t it ferbean waard om yn it Frysk mei syn beppe te skiljen.

It regear fynt dat Friezen beheind meie wurde yn it praten fan it Frysk yn de finzenis. Dat docht bliken út antwurden fan de minister fan Ynlânske Saken Judith Uitermark op Keamerfragen fan D66. Neffens De Fryske Beweging is der sprake is fan taaldiskriminaasje. “Der is in soad better wurden, mar mear as santich jier nei Kneppelfreed is it kwartsje noch hieltyd net fallen yn De Haach”, seit foarsitter Sjirk Eildert Bruinsma.… Lês fierder

Aginda 12-12-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Skriuwerskafee
Op alle lêste tongersdeis* fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.

* Fanwege oare aktiviteiten falt dizze Skriuwerskafee net op de lêste tongersdei fan de moanne.… Lês fierder

Aginda 15-12-2024: Bondelpresintaasje ‘Fiere Wake’ fan Syds Wiersma

logo.ensafh

BONDELPRESINTAASJE FIERE WAKE

Op sneintemiddei 15 desimber presintearret Syds Wiersma syn nije boek: Fiere Wake, Ierske gedichten en reisferhalen. De presintaasje fynt plak by Slieker Film, it filmhûs yn Ljouwert. It boek ferskynt by Utjouwerij Hispel.

Fiere Wake is de delslach fan trije lange reizen troch Ierlân. Kuierjend, liftsjend en mei bus en trein bereizge Syds Wiersma it eilân. Hy skriuwt oer moetings mei minsken, plakken, lânskippen en tiden. Ek de roerige skiednis fan Ierlân is in wichtich tema yn it boek. De bylden yn de bondel binne fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra, dy’t in soad yn Ierlân omslacht en dêr wenne, wurke en tentoanstellings hie.… Lês fierder

Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân ‘Lighten up, Kim Jong-un’

logo.ensafh

 

 

 

 

Lighten up, Kim Jong-un

se iepenje it fjoer

dizze nacht, mei linten ôfset, achter wite skermen

se iepenje it fjoer
op it âlde hûs

wa iepenet it fjoer?
de fijân iepenet it fjoer!
ík iepenje it fjoer
joost oomen iepenet it fjoer
de afûk, kapitein haddock, dichterskollektyf rixt, mahatma gandhi en de sosjale fersekeringsbank iepenje it fjoer

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Janneke Heslinga wint ferhalewedstriid BoekFloedBoek

logo.ensafh

Janneke Heslinga hat de ferhalewedstriid by de proazajûn BoekFloedBoek yn Herbergh Het Wapen van Friesland wûn. Har ferhaal ‘Wachtsje op…’ waard troch sjueryleden Gabrielle Terpstra en Martsje de Jong priizge om de orizjinaliteit en de kwaliteit. ‘It ferhaal is echt ôf en tige soarchfâldich skreaun. Hiel knap,’ sa fynt de sjuery.
Heslinga stjoerde ferline jier foar it earst in ferhaal yn en ûntwikkelt har talint ûnder lieding fan Jetske Bilker op de skriuwersfakskoalle. Earder dit jier waarden ek al ferhalen fan har publisearre yn it Literêr Tydskrift Ensafh.

De ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek waard organisearre troch Martsje de Jong yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân.… Lês fierder