Teleks: Petear mei Piter Boersma diel twa

logo.ensafh

Paradoksen – 2

In omslach
Piter hat yn syn skriuwerskip in omslach makke fan it hyper-realisme nei it realisme mei absurde fantasyen. Op in stuit lies hy boeken fan Richard Brautigan. Dy Amerikaanske auteur skriuwt fragmintarysk, enoarm fantasyryk en net realistysk. Just op dat fragmintaryske sloech Piter oan. Hy koe al noait rjocht in ferhaal fan begjin ta ein lêze. Boppedat hold hy fan kollaazje-achtige ferhalen, en dat wie presys sa’t Brautigan skreau.

Lês fierder by Hein Jaap Hilarides op SirkwyLês fierder

Teleks: Measte Steateleden wolle besuniging taal en kultuer fan tafel hawwe

logo.ensafh

De measte partijen yn Provinsjale Steaten wolle dat de besunigings op taal en kultuer fan 1,6 miljoen euro fan tafel geane. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.

Mar neffens it CDA is it fan tafel heljen net reëel. Der komme finansjeel drege tiden oan foar de regionale oerheid.

Der stean provinsjale ferkiezings foar de doar. Op 15 maart is it safier. De politike partijen begjinne fan harren hearre te litten, sa ek oer kultuer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Oanbieding opbringst Fryske oersetting Oekraynsk berneboek oan UNICEF

logo.ensafh

Yn april 2022 ferskynde it út it Oekraynsk oersetten berneboek Maia en har freonen yn it Frysk. Alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze Fryske útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân. Ofpraat wie dat de opbringst dêrfan folslein te’n goede komme soe oan Unicef Oekraïne. No, hast in jier nei it begjin fan de oarloch, is it boek hast útferkocht en koe de sjek fan € 3.500,- oanbean wurde.

De Fryske Berneboeke-ambassadeur en oersetter fan it boek Tialda Hoogeveen hat de sjek woansdei oerhandige oan Sipke Jan Bousema, ambassadeur fan UNICEF. “Ik bin der as ambassadeur fan Unicef hiel wiis mei dat Tialda Hoogeveen dit inisjatyf naam hat en dat sy har as berneboeke-ambassadeur foar alle bern ynset.… Lês fierder

Teleks: Roald Dahl books rewritten to remove language deemed offensive

logo.ensafh

Roald Dahl’s children’s books are being rewritten to remove language deemed offensive by the publisher Puffin.

Puffin has hired sensitivity readers to rewrite chunks of the author’s text to make sure the books “can continue to be enjoyed by all today”, resulting in extensive changes across Dahl’s work.

Edits have been made to descriptions of characters’ physical appearances. The word “fat” has been cut from every new edition of relevant books, while the word “ugly” has also been culled, the Daily Telegraph reported.

Augustus Gloop in Charlie and the Chocolate Factory is now described as “enormous”. In The Twits, Mrs Twit is no longer “ugly and beastly” but just “beastly”.… Lês fierder

Teleks: Fryske boekemerk yn Kafee De Gouden Leeuw

logo.ensafh

Op sneon 18 febrewaris organisearret Tresoar in boekemerk mei Fryske boeken yn Kafee De Gouden Leeuw. Mei Fryske romans, berneboeken, boeken oer wittenskip en skiednis: foar elkenien is der wol wat te finen! De prizen fan de boeken fariearje tusken de € 0,50 en € 1,00 per boek. Ek binne der boeken te krijen, dy’t troch Tresoar útjûn binne. Dizze boeken fynst hjir mei mar leafst 40% koarting.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Teleks: Piter Boersma 75 jier (update)

logo.ensafh

Yn 2022 is Piter Boersma 75 jier wurden. Foar dy gelegenheid hat Hein Jaap Hilarides it wurk fan Boersma lêzen en in fraachpetear mei him holden. De fraach is oft it wurk en libben fan Boersma gearfalle of net. Wat is bygelyks de ynfloed fan de bernetiid yn syn boeken? Yn it fraachpetear seit de skriuwer dat er op dit stuit dwaande is mei in boek oer Warten, it doarp dêr’t er hikke en tein is. Autobiografysk miskien, mar de werklikheid wurdt yn dat boek goed oprutsen. Yn dit nije dossier skriuwt Hein Jaap Hilarides oer it libben en wurk fan Piter Boersma, mei as titel ‘Paradoksen’.… Lês fierder