‘Goeie, achteleaze besiker,
Jo stean op it punt in goede deal te dwaan mei de tiid:
Relax en lit it oer jo komme’
Dat riedt dichter Tsjisse Hettema (1955-2021) de besikers fan syn website oan (www.tsjissehettema.nl).
Itselde jildt foar it Pioenroaskonsert dit jier, dat yn it teken stiet fan syn wurk: in hommaazje oan in dichter mei muzyk, poësy, en byldzjende keunst.
Muzyk:
It close harmony kwartet Yellow Hammer (sjoch bylage) iepenet mei in komposysje ynspireard op syn gedichten en sjongt fierder in breed repertoir, fan pop, jazz oant klassyk.
Poësy:
De dichters Arjan Hut, Sipke de Schiffart en Syds Wiersma drage gedichten fan en oer Tsjisse foar.… Lês fierder