Elmar imagines a man-animal continuum, an inclusive planetarity, wherein the animals are no longer taken as dumb and passive accessories of the human landscape. A whispering raven, with its “uncontrolled caw”, is not an “unfeeling thing”, it “croaks out orders”. The noises that birds make are messages of alarm. As sparrows chirp, and “the cock clicks its everlasting wattles”, a thunderstorm brews across the horizon. The poet cherishes the cock that “crows with four syllables”. Most rooster crows are of four syllables, and they sound like singing ‘happy birthday’. In Elmar’s poetry, ‘human standards’ often employed to measure animal sounds are challenged with a non-anthropocentric distance.… Lês fierder
Nijs
Teleks: Lytse Gysbert Japicxpriis 2023
De ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ is in priis foar it bêste Fryske gedicht fan bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. De winner fan dizze priis kriget in spesjale oarkonde en ‘De Gouden Fear’. De priis wurdt om it jier útrikt, as ûnderdiel fan it programma rûnom de útrikking fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis. Dit jier is de útrikking op sneon 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert.
Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar… Lês fierder
Teleks: Software om historische teksten te transcriberen nu open source beschikbaar
Een software-programma dat speciaal is ontwikkeld om gescande historische documenten digitaal leesbaar en doorzoekbaar te maken, is door het Humanities Cluster van de KNAW open source beschikbaar gesteld. Dit is interessant voor onderzoekers aangezien het ontcijferen van handschriften in archieven soms een flinke uitdaging is.
Lês fierder by Historiek… Lês fierder
Teleks: Earbetoan oan komponist Hindrik van der Meer “Lieten ferbine, je sjonge allegear deselde wurden”
Eare wa eare takomt, fine se by Tresoar yn Ljouwert. Dêrom waarden tongersdei de skynwerpers set op muzikant, tekstskriuwer en komponist Hindrik van der Meer. Hy waard yn 1938 berne yn Bantegea en groeide út ta in ferbiner en fernijer yn de Fryske literatuer en muzyk.
Yn Tresoar wiene op in sympoasium moaie wurden foar Hindrik van der Meer. “Hy is ien fan de grutte ferbiners yn de Fryske kultuer. Fan hege kultuer nei folkskultuer, fan tekst nei byld. Boppedat wie hy in fernijer at je sjogge nei de tsjerke- en bernelieten. Sa ien as Hindrik binne der net in protte fan”, waard der sein.… Lês fierder
Aginda 26-04-2023: It literêr sirkwy – dielnimmers kursus Poëzy skriuwe
Woansdeitejûn 26 april organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar, yn kafee De Gouden Leeuw. Dielnimmers oan de kursus ‘Poëzy skriuwe’, ôfrûne winter organisearre troch Tresoar en RIXT, bringe harren wurk nei foarren. Nei it skoft is der in iepen poadium. Dêr sil ûnder oaren poëzy fan de Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés yn Fryske oersetting en yn it Katalaansk foardroegen wurde.
Wolkom!
Datum: 26 april
Tiid: 20.00-22.00 oere
Plak: Kafee De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert (Bûterhoeke 1, 8911 DH)
Tagong: fergees
Dichters: Sigrid Kingma, Carla van der Zwaag, Janna van der Meer, Tanja van Abbema, Ypie Haitsma, Anne Heegstra, Christa Niklewicz, Marije de Lange, Syds Wiersma, Ignasi Ripoll
Teleks: Bildts Diktee levert nije winner op
Oflopen donderdeg 13 april worde ’t Bildts Diktee houwen. Deuze keer in ’t MFC ‘Ons Huis’ in St.-Anne. ‘t Waar de sesde keer op rij dat Bildts Aigene ’t diktee organiseerde. Na de start in ‘De Struverij’ in St.-Anne is d’r derna ’n bezite brocht an Nij Altoena, St.-Jabik, Ouwe-Syl en Froubuurt. En alle keren waar d’r ’n ândere winner en ok dut jaar leverde ‘t ’n nije kampioen op.
’t Diktee waar skreven deur Jan de Groot en dut diktee had aigenlik, neffens Jan sels, gyn onderwerp. ’t Gong in hoodsaak over ’t brúkken fan ‘e Bildtse taal: je motte ’t brúkken blive.… Lês fierder
Aginda 22-04-2023: Boek- en Roazedei
Nei it sukses fan ferline jier wurdt de Boeke- en Roazedei dit jier op ’e nij fierd yn Ljouwert. Dat sil wêze op sneontemoarn 22 april yn de Afûk-winkel en by de ‘Love’-fontein fan Jaume Plensa, bekend fan de 11fountains. De Afûk Fryske boek- en kadowinkel wurket dizze kear ek wer mei ANC-Nederland gear. Der wurde gedichten yn it Frysk en it Katalaansk foardroegen. Klanten yn de Afûk-winkel krije in roas by oankeap fan in boek.
Sjoch foar mear ynformaasje by It Nijs… Lês fierder