Aginda 20 en 21-04-2023: Sjong-yn en lietejûn – Hindrik van der Meer: in libben yn muzyk en taal

logo.ensafh

Al mear as in heale iuw lang spilet Hindrik van der Meer (Bantegea 1938) in belangrike en ynspirearjende rol yn de Fryske wrâld fan muzyk en literatuer. Fryske literêre teksten waarden troch him op muzyk set. Foar tsjerke en foar bern makke hy muzyk dy’t noch altyd mei wille en nocht songen en spile wurdt troch jong en âld.

As earbetoan oan Hindrik van der Meer en syn rike oeuvre organisearje Tresoar en Utjouwerij DeRyp op 20 en 21 april in oantal aktiviteiten.

Op freed 21 april fynt yn Tresoar in grut sjongfeest plak. Middeis (programma-ûnderdiel 1) sille wy ûnder lieding fan Klaartje van Dokkum en Jelma Wiegersma meiinoar sjonge út de krekt ferskynde bondel ‘Kom en Sjong’.… Lês fierder

Teleks: subsydzje Ynternasjonale kontakten

logo.ensafh

Rjochtspersoanen mar ek net-rjochtspersoanen sûnder kommersjele ynstek kinne subsydzje oanfreegje foar Ynternasjonale kontakten. It giet om útwikselings en kulturele aktiviteiten dy’t organisearre wurde tusken jonge Frysktaligen en Europeeske minderheidstaalgroepen. Der kin oanfrege wurde troch bygelyks skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû), jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten. De regeling is iepen fan 3 april 2023 oant en mei 26 oktober 2023. It subsydzjeplafond is € 20.000,-.

Sjoch foar mear ynformaasje by Provinsje FryslânLês fierder

Teleks: Sieperda-sympoasium ‘2000 jier Friezen en har lânskip’

logo.ensafh

Dit jier fiere we de 2000ste jierdei fan Plinius de Aldere (23 nei Kristus-79 nei Kristus), dy’t as ien fan de earsten it Waadlânskip beskreau. Ta gelegenheid dêrfan organisearje it Keninklik Frysk Genoatskip, de Fryske Akademy en Tresoar in Sieperda-sympoasium oer 2000 jier Friezen en har lânskip. De dynamyk tusken lânskip, natuerbelibbing en identiteit wurdt dêrby yn histoarysk perspektyf set en út ferskillende gesichtspunten wei beljochte.

Sprekkers binne:
-Simon Halink (ynlieding op it sympoasium)
-Anne Popkema (Plinius oer Fryslân)
-Han Nijdam (Lichem en lânskip yn Fryslân)
-Mark Raat (Uytmaelen ende tot goed landt maecken)
-Mans Schepers (Cancelling Plinius?)
-Otto Knottnerus (Waadeilân – erfenis fan de romantyk)
-Jeroen Wiersma (Kai Bouma en it feangreidegebiet)
-Rymke Schuurmans (Ekokrityk yn de poëzy fan Obe Postma)

De lêzingen wurde opnaam yn it jierboek De Vrije Fries 2023.… Lês fierder

Teleks: ‘Yung Frysk’: ferhalen fan jongelju foar jongelju

logo.ensafh

Troch de boektydskriften fan Yung Frysk kin elkenien yn ’e kunde komme mei de persoanlike ferhalen fan jongelju yn Fryslân. Alle moannen ferskynt der in nij ferhaal yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk. Dy ferhalen meitsje maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse, mar ek fia de sosjale media Insta, Tiktok en Youtube fan Yung Frysk. Krekt ferskynd yn de rige boektydskriften is it ferhaal fan Tadese út Eritrea: ‘Als er niets te kiezen is’.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder

Teleks: ‘Studearje mar Frysk’ kampanje om mear studinten foar it Frysk te lûken

logo.ensafh

De ôfdielingen Frysk fan de universiteiten fan Grins en Amsterdam en hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert komme mei in nije langrinnende kampanje om mear studinten te lûken.
De trije ûnderwiisynstellings wolle mear gearwurkje om mear bekendheid te jaan oan de ferskate manieren wêrop’t minsken Frysk studearje kinne yn Ljouwert, Grins en Amsterdam.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder