Teleks: Fryske Akademy publisearret wittenskiplike grammatika fan it Frysk fan Sealterlân

logo.ensafh

Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk goed beskreaun. It lytse oerbliuwsel fan it East-Frysk, it Frysk fan Sealterlân, yn Dútslân, komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein. De Fryske Akademy docht dêr no wat oan. Dat is ek wol nedich, want de taal stiet tige swak: minder as tsien persint fan de ynwenners fan Sealterlân kin it mear prate.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2023 bekend

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste Fryske literêre priis, dy’t yn 1947 ynsteld is en tsjintwurdich om it jier útrikt wurdt, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.

Gysbert Japicx

De advyskommisje bestiet út:
• Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum;
• Jelma Knol, redakteur fan tydskriften en boeken en dosint kreatyf skriuwen en skiednis;
• Jarich Hoekstra, oant foar koart heechlearaar Frysk yn Kiel en aktyf as auteur en oersetter.

De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx.… Lês fierder

Teleks: Sietske Poepjes – Sa koart mooglik sûnder echte heechlearaar Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit.
De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid.
Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as ‘degradaasje en útholling’ fan de universitêre stúdzje Frysk en kaam de universiteit op in soad krityk te stean. Net allinnich Fryske organisaasjes protestearren, mar ek de polityk is kritysk.… Lês fierder

Teleks: Fryske flagge fuorthelle by universiteitsgebou yn Grins

logo.ensafh

De Fryske flagge by it Academiegebouw fan de Rijksuniversiteit Groningen is ôfrûne nacht healstôk hongen út protest tsjin it skrassen fan de heechlearaar Fryske taal- en letterkunde. Yn de rin fan de moarn is de flagge fuorthelle.
Sûnt it pensjoen fan heechlearaar Goffe Jensma is der opskuor oer syn opfolging. As opfolger is Anne Merkuur as universitêr dosint beneamd, mei in oanstelling foar twa dagen, wylst Jensma in foltiidfunksje hie.

Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Ald-haadredakteur Bildtse Post skriuwt earste roman yn it Biltsk

logo.ensafh

Foar it earst is in roman yn de Biltske taal ferskynd: ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’ is sneon 26 novimber presintearre. De skriuwer is Gerard Marcel de Jong, oant ferline jier haadredakteur fan de Bildtse Post.
De Jong hat fiif jier dien oer it skriuwen fan de roman. Hy gie yn 2017 nei San Sebastian foar it projekt Oare Wurden, om dêr de basis te lizzen foar it boek. “Maar fan wat ik dêr skreven hew, is d’r gyn letter meer staan bleven.” laket De Jong. Hy hat syn ferbliuw yn Baskelân wol brûkt troch syn haadpersoan ek nei Baskelân ôfreizgje te litten.… Lês fierder