Teleks: Kommissaris Brok wol leafst nije wike al oerlis mei RUG en Poepjes oer frisistyk

logo.ensafh

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wol op koarte termyn in petear mei Rijksuniversiteit Groningen en deputearre Sietske Poepjes oer de frisistyk.
“Ik bin net bliid mei de aktuele diskusje en it spyt my ek dat it de RUG skansearret”, seit Brok. “Dat is net goed, want wy binne grutsk op de RUG.” Brok die de útspraken by it útsprekken fan de Rede fan Fryslân troch minister Bruins Slot, dy’t ek foar in part oer de opskuor gie.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Minister Bruins Slot – “It Ryk is al yn petear mei RUG oer heechlearaar Frysk”

logo.ensafh

Minister Hanke Bruins Slot makket har der oprjocht soargen oer dat it Rijksuniversiteit Groningen net slagge is om funksje fan heechlearaar Frysk op itselde nivo troch te setten. Dat sei se yn har Rede fan Fryslân.
De minister freget har ôf oft it opfolgjen fan Goffe Jensma troch in universitêr dosint net yn striid is mei de ôfspraken tusken Ryk en universiteit oer it befoarderjen fan it wittenskiplik ûnderwiis fan it Frysk.

Yn petear mei universiteit

Bruins Slot ûnderstreke dat Ryk en Provinsje de universiteit beide 550.000 euro jouwe foar it befoarderjen fan it Frysk foar in perioade fan fiif jier.… Lês fierder

Teleks: Moasje foar Fryske heechlearaar yn Twadde Keamer én ekstra keamerdebat op kommendewei

logo.ensafh

It wittenskiplik ûnderwiis yn it Frysk moat wetlik ferankere wurde. Dat stiet yn de moasje dy’t de Fryske Keamerleden Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) dizze wike yntsjinje by de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Underwiis.
D66-Twadde Keamerlid Romke de Jong seit yn in earste reaksje dat er de moasje ‘sympatyk’ fynt. “Ik bin der tige wiis mei dat dit ûnderwerp heech op de aginda stiet”, seit De Jong, dy’t sels gjin ûnderwiiswurdfierder is. “Foar it fuortbestean fan it Frysk moatte je in tal rânebetingsten goed regelje, en dêr heart de heechlearaar Frysk seker by.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Provinsje stipet plan foar ‘ynterfrysk kultuerparlemint’ mei Ostfriesland en Nordfriesland

logo.ensafh

Fryslân soe besykje moatte om mear gear te wurkjen mei Ostfriesland en Nordfriesland yn Dútslân. Deputearre Sietske Poepjes hat mei de Eastfryske boargemaster Arno Ulrichs ôfpraat om as earste stap in ‘ynterfrysk kultuerparlemint’ byinoar te roppen foar politisy en bestjoerders út de trije Fryslannen.
Mear oparbeidzje leit neffens deputearre Poepjes foar de hân, want de gebieten hawwe mienskiplike woartels én fergelykbere útdagingen. It stribjen is om takom jier foar it earst in gearkomste fan sa’n ynterfrysk kultuerparlemint te organisearjen. As it wat meisit, is takom jier de earste sitting oer twa dagen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Boek oer fersetsman Piet Oberman ‘In man mei in protte gesichten’

logo.ensafh

De eardere fersetsman Piet Oberman (1908-1972) út Dokkum hat sûnt freed in eigen biografy. It boek is skreaun troch Hessel de Walle.
Oberman joech yn desimber 1944 lieding oan de groep dy’t de finzenis yn Ljouwert oerfoel om fersetsminsken te befrijen.
Skriuwer Hessel de Walle, ûndersocht de ôfrûne twa jier tegearre mei Gerk Koopman, Warner Banga en Marco Oberman de persoan achter Piet Oberman.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Iepen brief learstoel Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins sil de kommende jierren gjin opfolger oanstelle foar de okkerdeis mjirkes wurden heechlearaar Frysk. Dat beslút is yn it Fryske fjild hurd ynslein. Wij sjogge it as in ûnnedige stap tebek en boppedat as in hurde besuniging foar ús kwetsbere minderheidstaal. As der net gau dochs noch in opfolger beneamd wurdt, liket it lot fan it Frysk oan de universiteit besegele, ommers sûnder heechlearaar kin de stúdzje him yn it hjoeddeistige akademysk klimaat net steande hâlde. Wij witte  dat der meardere persoanen geskikt binne om de learstoel te besetten, mar dêrfoar moat de universiteit wol yn petear gean mei partners yn it fjild.… Lês fierder