Blog Jaap Slager: De Fryske Stoarm

logo.ensafh

-Wêrom gong dy swijende mearderheid doe ynienen wol hinne en kom yn ‘e wapens?

-Dat is in goede fraach, Nynke. My tinkt dat soks kaam om’t it de measte lju oant dan ta om goed taalûnderwiis gong. En oft dat geef Hollânsk wie of geef Frysk dat wie har … eh …

-… lape om loarre.

-Lit ús it sa mar sizze, Douwe, ek al hat dat wat in pejoratyf lûd at men it oer taal hat. Mar dêr kaam it al op del – salang’t de ûnderwiiskrêften teminsten it Hollânsk behearsken, koene de measte âldelju har wol lykfine mei it op ien taal stuolke ûnderwiissysteem.… Lês fierder

Teleks: Skriuwe foar FeRstival 2023

logo.ensafh

Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde.… Lês fierder

Aginda 10-02-2023: Boekpresintaasje ‘Testament van de ziel’

logo.ensafh

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel.… Lês fierder

Teleks: Tialda Hoogeveen ynstallearre as nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

logo.ensafh

Op basisskoalle ’t Holdersnêst op ’e Harkema is Tialda Hoogeveen woansdei 25 jannewaris – by de start fan de Nationale Voorleesdagen – offisjeel ynstalleare as nije Berneboeke-ambassadeur. Sy krige út hannen fan de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra, de amtsketting fan it Berneboeke-ambassadeurskip oerlange.

Tialda Hoogeveen nimt it wurk as Berneboeke-ambassadeur oer fan Lida Dykstra, dy’t yn 2020 ta earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân beneamd waard.

Lida Dykstra naam by deselde gelegenheid, nei trije suksesfolle jierren en mear as 150 skoalbesites, offisjeel ôfskie fan har ambassadeurskip mei de presintaasje fan har nijste berneboek ‘De Letterfretter’ en sil har no wer folslein op it skriuwen rjochtsje.… Lês fierder