Teleks: Audio-opnames Operaesje Fers online

logo.ensafh

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden.… Lês fierder

Teleks: Oersetter en skriuwer Harke Bremer (67) ferstoarn

logo.ensafh

Oersetter en skriuwer Harke Bremer is ferline wike tongersdei yn syn wenplak Kampen ferstoarn. Hy is 67 jier wurden.

Yn ‘e mande mei syn stúdzjemaat Jarich Hoekstra sette er yn ‘e jierren santich Asterix de Galjer oer, letter folge in hiele rige oare stripboeken. Neist in oantal Asterix-albums ferfrysken se fiif boeken fan Pieter H. Kuhn oer Kaptein Rob en tolve Tom Poes-boeken fan Marten Toonder.

Benammen yn dy lêste rige foel de grutte taalrykdom en kreativiteit fan it duo op. It slagge harren alle kearen wer om it eptige idioom fan Toonder yn hiel eigen Frysk oer te setten. De ferneamde stoplape fan Bommel ‘als je begrijpt wat ik bedoel’ waard by harren ‘dêr’t ik sa’n wurd om sis’.… Lês fierder

Aginda 26-01-2023: Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel ‘Oer de streek’

logo.ensafh

Streekdichter Geart Tigchelaar presintearret bondel Oer de streek

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, presintearret op 26 jannewaris 2023 yn it stedshûs fan Dokkum syn nijste bondel Oer de streek (útjûn troch Hispel). Dat docht er foarôfgeand oan de oerdracht fan it stokje oan de nije Streekdichter.

Tigchelaar hat twa jier lang Streekdichter west en hat dêrby net allinnich in soad poëzy oer de streek skreaun, mar ek in grut tal projekten op priemmen setten. De gedichten dy’t er yn opdracht skreaun hat, wurde begelaat troch in koarte ûntsteansskiednis. Fierders stiet de bondel fol mei frij wurk, guon projekten en foto’s dy’t er makke hat op syn fytstochten troch de streek.… Lês fierder

Teleks: Nu is er geen hoogleraar Friese taal en cultuur meer. En dat is een slechte zaak, vinden schrijvers en wetenschappers

logo.ensafh

De laatste hoogleraar Fries doet de deur open van zijn woning in het Groningse Sauwerd. Goffe Jensma (67), geboren in het Groningse Kornhorn, is altijd in de provincie blijven wonen. Hij ziet de humor er wel van in, dat nou net een ras-Groninger zoals hij opkomt voor de Friese taal en cultuur: „Een Groninger die het Fries probeert te redden. Helaas lukt het niet.”

Na veertien jaar hoogleraarschap is Jensma vorig jaar september met emeritaat gegaan als hoogleraar Friese taal- en letterkunde. En daarmee is de laatste hoogleraar Fries in Nederland met pensioen. Want de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) stelt geen andere hoogleraar als opvolger aan, maar een universitair docent – en die krijgt slechts een aanstelling voor twee dagen per week.… Lês fierder

Teleks: Dielnimmers socht foar ûndersyk nei taalfariaasje

logo.ensafh

Taalwittenskipper Femke van Seijen fan de Fryske Akademy wurket oan in ûndersyk nei taalfariaasje yn it Frysk en it Nederlânsk. Sy docht dit yn it ramt fan it ynternasjonale projekt ‘Multilectal Literacy in Education’ dat ûnder lieding stiet fan prof. dr. Øystein A. Vangsnes fan de UiT Arctic University of Norway. Prate jo Frysk en Nederlânsk en wolle jo Van Seijen en har kollega’s helpe nije ynsichten te krijen oer hoe’t de talen sprutsen wurde? Dan hearre we dat graach.

Lês fierder by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Artikel Eric Hoekstra oer Tsjibbe Gearts van der Meulen yn European Journal of Literary Studies

logo.ensafh

Yn it wittenskiplik tydskrift European Journal of Literary Studies is in literatuerstúdzje opnommen fan de hân fan Eric Hoekstra, ûndersiker by de Fryske Akademy. Hy skreau in artikel oer it koarte ferhaal ‘Britting, de gûchelder – In tobinnenbringen’ (1899) fan de Fryske skriuwer Tsjibbe Gearts van der Meulen (1824 -1906), dêr’t er fan seit dat it in literêr masterwurk is.

Yn it koarte ferhaal presintearret Van der Meulen in nei’t it liket ûnskuldich tinkskrift oer in frjemdling, Britting, en syn frou, dy’t in skoft yn Burgum, Van der Meulens wenplak, tahâlde. In twadde ferhaalline befettet in tige humoristyske beskriuwing fan kategisaasje troch de dominy fan ‘e pleatslike tsjerke.… Lês fierder