Teleks: Lida Dijkstra giet ôf as Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Nei 153 skoaloptredens troch hiele Fryslân nimt Lida Dijkstra ein jannewaris ôfskied as Berneboeke-ambassadeur.

Dijkstra hie op 14 desimber har lêste skoaloptreden as Berneboeke-ambassadeur op sbû ‘De Súdwester’ yn Snits. Gemeente Súdwest-Fryslân en de Afûk ferrasten har doe yn it skoft mei in bosk blommen en wat lekkers foar de hiele skoalle om koart stil te stean by it sukses fan har wurk yn de ôfrûne trije jier.

Op 25 jannewaris wurdt der, by de ynstallaasje fan de nije Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, offisjeel ôfskied nommen fan Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 22-01-23: Iepening gedichterûte Spannum en lêzing Waling Dijkstra

logo.ensafh

Op snein 22 jannewaris 2023 sil yn Spannum de gedichterûte dy’t yn it teken stiet fan Waling Dijkstra iepene wurde. Dêrnei fersoargje Abe de Vries en Bert Looper yn Us Gebou in lêzing oer it libben fan Waling Dijkstra en wat er foar de Fryske taal en toanielkultuer betsjut hat.

Yn febrewaris 2022 hat Team Waling Dijkstra in gedichtekriich útskreaun foar it hiele doarp. Wa kin, krekt as Waling Dijkstra om 1850 hinne dien hat, in gedicht meitsje dat de skjintme fan de natuer by Spannum beskriuwt. Der kamen moaie fersen yn, mar it gedicht ‘Belibje’ fan Yfke Bakker-Feenstra sprong der boppe-út.… Lês fierder

Aginda 29-01-23: Fryske gedichtemiddei mei de nije blomlêzing fan Tsead Bruinja en muzyk fan Hiske Oosterwijk

logo.ensafh

Tsead Bruinja, de man dy’t ‘Dichter des Vaderlands’ west hat, hat 101 gedichten út it Keninkryk fan 1945 oant no gearstald yn ‘De eerste bloemlezing van de Nederlandse poëzie’.
Wy sille yn petear mei Tsead oer it wêrom fan it boek, mei in seleksje fan de Fryske bydragen dy’t yn it boek steane. Ek binne de stimmen fan Fryske dichterskanonnen lykas Tiny Mulder en Tsjêbbe Hettinga te hearren. De presintaasje is yn hannen fan Doete Stenekes.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Teleks: Skriuwster Baukje Wytsma (76) út Reduzum ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwster Baukje Wytsma út Reduzum is tongersdei ferstoarn oan de gefolgen fan hertproblemen. Sûnt mids santiger jierren skreau Wytsma ûnder mear gedichtebondels, berneboeken, toanielstikken en lieten yn de Fryske taal. Dêryn komt in ferskaat oan maatskiplike ûnderwerpen oan de oarder.
Wytsma debutearre yn 1976 mei it berneboekje Romke Timen Tomke en oare opsizferskes. Yn 1980 ferskynde har earste bondel mei persoanlike poëzy Noch ien slach om ‘e buorren. De poëzy hat har belangrykste stylfoarm west. Langstme nei har bertegrûn en ek de dea binne wichtige tema’s yn har wurk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 18-03-2023: Literêre jûn mei Lize Spit

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 18 maart 2023 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2023 Lize Spit yn dbieb yn Ljouwert.

Spit wûn yn 2016 de Bronzen Uil foar it bêste Nederlânsktalige debút foar har boek ‘Het smelt’. Foar datselde boek ûntfong sy ek de earste Hebban Debuutpriis. Ein 2020 ferskynde har twadde roman ‘Ik ben er niet bij’.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder