![logo.ensafh](https://www.ensafh.nl/wp-content/uploads/2013/01/ensafh-logo-website.png)
In telefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre, wie jierren lang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google en YouTube. Yn ús Kafee De Gouden Leeuw is it mooglik om in seleksje fan de gedichten dy’t oait te hearren wiene oer de telefoan, opnij te beharkjen.
Op tongersdei 26 jannewaris nimme wy de dichterstelefoan yn gebrûk! By de feestlike presintaasje fan de dichterstelefoan mei alle poëzy fan Operaesje Fers – op ‘e nij digitalisearre – sil Syds Wiersma fan it Frysk Film & Audio Argyf, dichters út it ferline freegje nei hoe’t dat yn dy tiid gie en bysûndere opnames hearre litte út it argyfmateriaal fan Operaesje Fers.… Lês fierder