Teleks: Dichter fan Fryslân draacht Fryske gedichten foar op Sardinië

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma draacht tiisdeitejûn Fryske gedichten foar op in ynternasjonaal poëzyfestival yn Sardinië. Mei de gedichten wol se de minsken yn de kunde komme litte mei Fryslân en it Frysk.

In delegaasje fan Italiaanske taalminderheden nûge har yn april út foar it it poëzyfestival yn it plakje Seneghe. “Fia de ambassade wiene sy op wurkbesite yn Fryslân en dêr wie ik ek útnûge mei in gedicht. Sy fûnen it moai en seinen dat ik dat wol by har foardrage koe.”

Oardel oere
Har programma duorret oardel oere. “Yn de foarm fan in ynformeel petear sille wy it ha oer Fryslân, it Frysk.… Lês fierder

Teleks: Dokumintêre ‘NYK’ op NPO2 en Omrop Fryslân

logo.ensafh

Op sneon 3 septimber wurdt om 15.30 oere op NPO2 in portret útstjoerd fan de Amsterdamsk-Fryske dichter Nyk de Vries. As skriuwer en muzikant betinkt er hieltyd nije foarmen en wurket er graach tegearre mei oare artysten. As Dichter fan Fryslân makke er acht poëzyfilms en die er ûnder oare in blokfluit-Alvestêdetocht mei it Cohda Kwartet. Yn de dokumintêre, makke troch filmmakker Herman Zeilstra, wurdt Nyk folge op syn reis nei Kopenhagen dêr’t er optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. De film is snein 4 septimber om 17.00 oere te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.… Lês fierder

Teleks: Diet Huberpriis foar Mirjam van Houten

logo.ensafh

De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut ferskaat, dy’t de yntinsjes en de belutsenens fan de yllustrator dúdlik útkomme litte, mar ien kippet der safier út dat de sjuery ienriedich foar By Beppe Utfanhûs keas: ,,De ynllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur mar litte mear sjen as de tekst jout.… Lês fierder

Teleks: Angriff auf Winnetou: Der Meulenhoff Verlag streicht Karl May aus dem Programm

logo.ensafh

Die niederländische NRC lässt in ihrer Ausgabe vom 27/28. August den Philosophen Ger Groot als Verteidiger von Karl Mays Winnetou zu Worte kommen. Der Titel des – leider etwas naiven – Artikels ist „Winnetou is de ideale mens“ (Seite 06 der Rubrik „Opinie & Debat“). Herzlichen Dank, Ger Groot!

Anlass des Plädoyers ist der Umstand, dass der niederländische Verleger von Karl May, der ehrwürdige Meulenhoff Verlag in Amsterdam, alle Karl May-Titel aus dem Programm genommen hat. Er kapituliert damit leider vor den Versuchen kleiner Gruppen selbsternannter Sprach- und Kulturpolizisten, die Vielfalt unserer Medienwelt zu zensieren und ideologisch zu beherrschen. Es ist eine Schande, dass Meulenhoff sich darauf einlässt.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Aly van der Mark

logo.ensafh

Har man kweekt geraniums en it hûs stiet der fol mei, mar skriuwster en âld-Omrop Fryslân-kollega Aly van der Mark (83) is gjin type om derachter sitten te bliuwen. Se moat altyd wat te dwaan hawwe.
“Achter de geraniums sitte is neat foar my, al stiet it hûs der fol mei omdat myn man se kweekt. Ik moat perfoarst dwaande bliuwe, dêrom sykje ik fan alles út en skriuw dêr dan oer. Altyd fanút it idee: as ik it net doch, docht nimmen it.”

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Karel ende Elegast na 1200 jaer uyt elckaer

logo.ensafh

Celebritywatchers zagen het al een paar honderd jaar aankomen: Karel ende Elegast gaan uit elkaar. Na meer dan 1200 jaar samenwerking houdt het bekendste Middelnederlandse duo het voor gezien: “De koeck wasch al eenige eeuwen op ende ghepeuzeld.”

Karel ende Elegast kunnen op een bewogen carrière terugkijken. Zij verkregen tot diep in het Saracenenrijk grote bekendheid toen Elegast in een voorhoofse vlog de zwager van Karel doodde, nadat die probeerde hem van de troon te stoten. Ook het stelen van een zadel van Eggeric in een volgepakt Ziggo Dome deed destijds de harten van vele beminnelijke jonkvrouwen sneller kloppen.

Lês fierder by De SpeldLês fierder

Aginda 14-09-2022: Presintaasje wittenskiplike biografy oer Tony Feitsma

logo.ensafh

Woansdei 14 septimber om 15.00 oere is de presintaasje fan ’e wittenskiplike biografy: Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009). It earste eksimplaar sil oanbean wurde yn it ramt fan ’e Conference of Frisian Humanities oan kommissaris fan ’e kening Arno Brok.

De biografy is skreaun troch dr. Liuwe H. Westra, dy’t dêrta yn 2019 de opdracht krige fan it Feitsma Fûns – Fûûns fwar it Frysk. Hy hat 2½ jier oan ’e biografy wurke. Undersyk en skriuwen is mooglik makke troch in grut tal fûnsen, ynstânsjes en persoanen.

Sjoch foar mear ynformaasje by It NijsLês fierder