Heinrich Winter: “Friezen binne te beskieden en moatte grutsker wêze op eigen taal”

logo.ensafh

Friezen binne te beskieden en moatte grutsker wêze op harren eigen taal. Dat seit bestjoerskundige Heinrich Winter. Hy fynt dat Friezen sels hurder op de trom slaan moatte.
Winter die syn útspraken sneon op in gearkomste fan DINGtiid, it advysorgaan foar oerheden oer de Fryske taal. Dy dei wie it op de kop ôf tritich jier ferlyn dat Nederlân it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ ûndertekene.
It Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte.
Lang net altyd wurdt foldien oan de easken fan it Hânfêst, seit Winter.… Lês fierder

Teleks: Fryske Boekewike – Hat de Fryske literatuer de skynwerpers nedich?

logo.ensafh

Yn de Fryske Boekewike wurdt tradysjegetrou de literatuer fan eigen boaiem yn de skynwerpers set. Mar yn hoefier hawwe Fryske skriuwers en útjouwers dat setsje yn ‘e rêch eins nedich?
Leafhawwers fan it Fryske boek moeten inoar op 28 oktober yn sealesintrum Hof van de Koning op It Hearrenfean. Dêr waard mei it Boekefeest de Fryske Boekewike ôftrape. It grutte momint wie de presintaasje fan De oarloch fan Jan Snip, it boekewikegeskink fan auteur Ferdinand de Jong. Elk dy’t oant en mei 6 novimber foar 15 euro oan boeken keapet, krijt it eksimplaar fergees mei nei hûs.
Doel fan it evenemint is de Fryske literatuer fierder omheech te bringen.… Lês fierder

Aginda 16-12-22: Literêr Sirkwy yn Drachten

logo.ensafh

RIXT hat dit jier foar har ferbliuw op it Skriuwersarkje by de Feanhoop dichters omtinken frege foar in keunstprojekt út ‘e njoggentiger jierren fan de foarige ieuw wêr’t in stikmannich Fryske dichters as Baukje Wytsma, J.Q. Smink, Jan. J. Bijlsma, Margryt Poortstra ensafh. yn gearwurking mei byldzjende keunstners as Willem van Althuis, Sjoerd de Vries, Gerrit Terpstra en oaren op inisjatyf fan de Stichting Beeldende Kunst Friesland in bibliofile útjefte útbrocht hawwe mei 32 katernen mei byld en tekst.

Sjoch foar mear ynformaasje by RIXTLês fierder

Teleks: Nij webstee oer it útstoarne Frysk fan Grinslân en East-Fryslân

logo.ensafh

De East-Fryske taalleafhawwer Menno Aden hat in webstee makke oer it Frysk dat eartiids eastlik fan de Lauwers praat waard, it saneamde Easterlauwerske Frysk.

Hjoed de dei bestiet it Fryske taalgebiet út trije “taaleilantsjes”: de provinsje Fryslân (en in lyts stikje Grinslân), de Dútske gemeente Sealterlân en – fier fuort – de Dútske provinsje Noard-Fryslân. It Fryske taalgebiet wie lykwols folle grutter. Tusken de rivieren de Lauwers (op de grins fan Fryslân en Grinslân) en de Wezer (by Bremerhaven) waard yn in fier ferline Easterlauwersk Frysk praat. Yn guon parten is dat sels noch net salang lyn, it Frysk fan it Waadeilân Wangerearch is bygelyks pas om 1950 hinne útstoarn.… Lês fierder

Teleks: DINGtiid tige kritysk yn brief oan RUG “Fikse tebeksetter foar it Frysk”

logo.ensafh

DINGtiid is yn in brief oan Rijksuniversiteit Groningen op ‘e nij kritysk op de wize wêrop’t ynfolling jûn is oan de learstoel Frysk. It advysorgaan neamt de omgong mei de universitêre frisistyk oan de universiteit “skansearjend foar de status fan it Frysk as twadde rykstaal.”
De oanlieding foar it brief binne soargen dy’t ‘ferskate maatskiplike organisaasjes’ mei DINGtiid dield hawwe.
Op 19 oktober makke de universiteit bekend dat taalwittenskipper dr. Anne Merkuur oansteld is as universitêr dosint. Sy moat dêrmei yn de takomst de posysje fan âld-heechlearaar Goffe Jensma ynfolje.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder