De Richthofenkolleksje fan Tresoar hat de status UNESCO Memory of the World krigen. De kolleksje omfettet in oantal bysûndere Aldfryske wetsteksten út de midsiuwen.
De provinsje en Tresoar hawwe de kolleksje 13 oktober yn Den Haag oanbean foar it UNESCO-programma. It Memory of the World-programma is in ynternasjonaal inisjatyf om weardefolle argiven, kolleksjes en wurken te bewarjen, tagonklik te meitsjen en der omtinken foar te krijen. Lannen kinne om de twa jier nominaasjes oandrage.
Under oaren it deiboek fan Anne Frank en it neilittenskip fan Aletta Jacobs binne ek opnommen yn it Memory of the World-programma.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder