Aginda 11-06-2022: Boekpresintaasje ‘Minym ferweech / Minieme gebaren’, gedichten fan Peter van Lier

logo.ensafh

‘Wês om 11.00 oere wolkom yn de boekwinkel fan de Afûk foar de boekpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren. Om 11.15 oere set de presintaasje útein mei in wolkomstwurd fan Ernst Bruinsma. Dêrnei is it wurd oan Peter van Lier, dy’t fertelle sil oer syn bân mei Fryslân en oer hoe’t it lânskip syn gedichten beynfloedet.’

Sjoch foar mear ynformaasje by de AfûkLês fierder

Teleks: Provinsjale besunigings mooglik yn striid mei de wet

logo.ensafh

De Ried fan de Fryske Beweging is tige skrokken fan de plannen fan Deputearre Steaten om foars te besunigjen op de Fryske taal en kultuer. Neffens de Ried strykt soks net mei de wetlik fêstleine soarchplicht foar de Fryske taal en kultuer troch Ryk en provinsje Fryslân. Yn in brief oan Provinsjale Steaten freget de Ried de steatefraksjes mei klam om noed te stean foar it yn stân hâlden en ferbetterjen fan de ynfrastruktuer fan de Fryske Taal en net mei te gean yn de foarstellen fan Deputearre Steaten.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Leo Popma wint Rink van der Veldepriis 2022

logo.ensafh

Fan ’t jier krijt Leo Popma de Rink van der Veldepriis foar syn roman It sket fan Toussaint.
De sjuery bestie út Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen. De priis – makke troch byldhouwer Anne Woudwijk – wurdt takend om de twa jier troch de Gemeente Smellingerlân en útrikt op 18 juny o.s. yn Restaurant It Polderhûs op ’e Feanhoop troch boargemaster Jan Rijpstra of de wethâlder fan kultuer Robin Hartogh Heys van de Lier.

Boarne: Frysk en FrijLês fierder

Teleks: Fryske studinte mei yn Utert yn it Frysk ôfstudearje

logo.ensafh

Al har stúdzjegenoaten studearje ôf yn it Nederlânsk, mar Doutsen van Gosliga woe wat oars: se is de earste dy’t yn it Frysk ôfstudearret oan de oplieding Writing for Performance yn Utrecht.

Doutsen komt fan It Hearrenfean. Se woe wat mear mei it Frysk dwaan. “Ik hie altyd wol skreaun yn myn libben, mar dat wie eins altyd yn it Nederlânsk. It Frysk ha ik noait machtich west op papier, al is it wol myn memmetaal.”

Twa jier lyn gong de knop om: “Ik tocht: wêrom skriuw ik eins noait yn it Frysk? Doe bin ik dermei oan de slach gong.… Lês fierder