Teleks: Berneboekewikegeskink dit jier ek yn it Frysk

logo.ensafh

It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, krijt ek in Fryske fertaling. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan de Berneboekewike dat der in Fryske fariant fan ferskynt.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Boek “Seelter Seeken” digitaal beskikber

logo.ensafh

It boek Seelter Seeken fan Pyt Kramer en Theo Griep is digitaal beskikber. Henk Wolf hat it boek op it webstee www.seeltersk.de pleatst. It jout in soad ynformaasje oer nammen fan plakken en famyljes út it Sealterlân, de Frysktalige enklave yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. Fierder steane der âlde fertellingen yn it Frysk fan Sealterlân en yn it (Westerlauwerske) Frysk fan de provinsje Fryslân yn.

It boek is te finen op de side mei wurk fan Pyt Kramer. Klik hjir om dy te besjen.

Boarne: It NijsLês fierder

Teleks: Folle minder jild foar Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren struktureel 7,2 miljoen euro besunigje. Neffens deputearre Friso Douwstra is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje yn de reade sifers bedarret.

Besunigje betsjut ek pynlike besluten nimme, lykas 1,6 miljoenen besunigje op it budzjet foar taal en kultuer mei yngong fan 2025. De provinsje wol ek de provinsjale diken en farwegen soberder ûnderhâlde. Deputearre Douwstra fan finânsjes sprekt fan in ‘sobere en doelmjittige’ begrutting. “Dêr hearre ek pynlike besluten by. Besunigje op taal en kultuer dogge je leaver net, mar as it jild op is, kin it net oars.”

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Oprop foar sprekkers foar workshop: De Lapekoer fan Gabe Skroar 1822-2022

logo.ensafh

Dit jier is it 200 jier ferlyn dat de earste printinge útkaam fan de De Lapekoer fan Gabe Skroar, de foarrinner fan Rimen en Teltsjes. Yn de Workshop Lapekoer wolle wy omtinken jaan oan dit literêre masterwurk troch der lêzingen oer te organisearjen yn relaasje ta de skriuwers (Eeltsje en Joast Halbertsma) en har tiid. Wy freegje lju om har te oppenearjen dy’t op ‘e workshop in lêzing hâlde wolle (likernôch: 20 minuten lêzing + 10 minuten diskusje). De workshop duorret 3 oeren en is ûnderdiel fan de Second Conference on Frisian Humanities (https://frisianhumanities.frl/), dy’t holden wurde sil fan tiisdei 13 septimber oant en mei freed 16 septimber.… Lês fierder

Teleks: Moardferhalewedstriid fan Boeken fan Fryslân

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it feest BoekmoardBoek dat op freed 8 july om 20.00 oere yn Café Het Grauwe Paard yn Marsum holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn minst 1000 wurden te skriuwen dêr’t moard in ûnderdiel fan is. Dat kin fansels breed: fan wreed en spannend oant healwiis en hilarysk. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder