Teleks: Nyk de Vries treedt op yn Estlân en Ierlân

logo.ensafh

Dichter, skriuwer en muzikant Nyk de Vries is útnûge foar twa bûtenlânse literêre festivals, respektyflik yn Estlân en Ierlân. Fan 13 o/m 15 maaie is de eardere Dichter fan Fryslân te gast op it Prima Vista Literary Festival yn Tartu, dat krekt as Ljouwert de status fan UNESCO City of Literature hat. In pear dagen letter is er te gast yn Cork, op it Cork International Poetry Festival dat fan 18 o/m 21 maaie holden wurdt.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Aginda 22-05-2022: It Literêr Sirkwy yn Burdaard

logo.ensafh

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske middei yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 22 maaie 2022 om 15:00 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium.… Lês fierder

Teleks: Besprek ‘Ynbêde’ fan Tsead Bruinja

logo.ensafh

Ingebed betekent ergens in opgenomen zijn, ergens bij horen. Dat lijkt voor Bruinja duidelijk op te gaan. Hij is ingebed in Friesland, is er geboren, spreekt en schrijft de taal en is opgenomen tussen de mensen die er wonen en die hij heeft geportretteerd. Bruinja behoeft geen nadere introductie. Hij heeft diverse bundels uitgebracht, treedt regelmatig op en is dichter des vaderlands geweest in 2019 en 2020.

De omslag toont een foto van twee met zeep wassende handen en zou je kunnen opvatten als een verwijzing naar bidden. In gebed? Niet echt in gebed, maar wel een contemplatie over de schoonheid van het landschap, een mooie jeugd, liefde en vriendschap.… Lês fierder

Teleks: Poëzij fan Streekdichter Geart Tigchelaar ‘it binne fan dy dagen’

logo.ensafh

Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
It fers ‘it binne fan dy dagen’ is skreaun yn opdracht fan it 4 maaie-kommitee fan Dokkum dat him frege hat om in gedicht te skriuwen nei oanlieding fan de ûntbleating fan de stroffelstien foar dûmny Joop Cohen.

De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.

Sjoch it filmke op RIXTLês fierder

Teleks: D. A. Tammingapriis foar Paul van Dijk

logo.ensafh

Paul van Dijk fan Warkum hat de D. A. Tammingapriis wûn foar syn bondel ‘Famke fan snie’. De D .A. Tammingapriis, yn 2014 ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en 3000 euro grut, is in mearjierlikse priis, ornearre foar it bêste literêr debút. Hy wurdt om bar takend foar proaza en poëzy. De sjuery, besteande út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar, keas ‘Famke fan snie’ út de tolve poëzydebuten dy’t tusken 2017 en desimber 2021 ferskynd binne.
‘Famke fan snie’ hat as sintraal tema it ferlies fan in lyts, tear famke en is opset as in symfony yn trije parten, rinnend fan mineur nei majeur.… Lês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân ‘Wjuklam’

logo.ensafh

‘Wjuklam’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de misstannen dy’t oan it ljocht kamen rûn it tv-programma ‘The Voice of Holland’ en de uterings fan Johan Derksen yn it tv-programma ‘Vandaag Inside’.

De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: ‘Der komt gauris in ferhaal oer seksueel misbrûk boppe tafel dat net ûnderdocht foar De Smearlappen fan Anne Wadman. Wat fan ‘t jier begûn mei in dickpic is útrûn op in hiele rige skandaalferhalen.… Lês fierder