Aginda 29-04-2022: Presintaasje ‘Mijn moeder is nog maagd’ fan Hindirk Hannema

logo.ensafh

‘Mijn moeder is nog maagd’ is de Nederlands- en Friestalige debuut dichtbundel van ‘Zijne Merendeels Meesterlijke Majesteit’ Hindirk Hannema, ook wel afgekort tot Hindirk. De bundel gaat over macht, vrouwen en geld (maar vooral macht) en de ontworsteling van het kind aan de moederfiguur. Het is een werk vol pervasieve positiviteit, totale verwarring en onverwachte grootsheid. Het is een kroniek van zijn (over)leven als dichter waarin nooit duidelijk wordt wie wreder is: de wereld of de dichter.

Hindirk werkt er samen met kunstcollectief Pauper Poëzie aan om u een onvergetelijke avond te bezorgen. Gastoptredens van Gabriëlle Terpstra, Erik de Boer en Lubbert-Jan de Vries.… Lês fierder

Teleks: De Diet Huberpriis foar yllustratoaren ynsteld

logo.ensafh

De Diet Huberpriis: in priis ynsteld foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken

Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat.… Lês fierder

Aginda 23-04-2022: Wrâldboekedei en de Katalaanske ‘Dei fan Sant Jordi’ by de Afûk

logo.ensafh

Sneon 23 april is it yn Kataloanië ‘De dei fan Sant Jordi (Sint Joris)’, in dei dat de minsken dêr elkoar neffens tradysje boeken en roazen kado dogge. Boppedat falt dy dei gear mei de jierlikse ‘Wrâldboekedei’, yn 1995 fêststeld troch de UNESCO om oandacht te freegjen foar it belang fan boeken en lêzen.

De kombinaasje fan dy twa fieringen wie foar Ignasi Ripoll fan it Assemblea Nacional Catalana Nederland (ANC) reden om de tradysje dit jier troch te jaan oan Nederlân en kontakt te sykjen mei de Afûk. Beide partijen steane foar de promoasje fan harren taal en kultuer. Mei-inoar organisearje sy no op sneon 23 april foar it earst de ‘Boeke- en Roazedei’ yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.… Lês fierder

Aginda 21-04-2022: Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’

logo.ensafh

Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’
Opbringsten ferkeap Fryske útjefte foar UNICEF-Oekraïne

Op tongersdei 21 april fynt de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen.

De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten
foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei- inoar op harren. De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.

It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek oersetten yn in soad oare talen, sadat it no te lêzen is yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân.… Lês fierder

Aginda 29-04-2022: Jûn oer Vertalersgeluk – Oer de leafde foar oersettingen en oersetútdagings

logo.ensafh

Yn gearwurking mei Tresoar, de Europese Literatuurprijs, it Nederlands Letterenfonds, Boekhannel Van der Velde en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearret produksjehûs Explore the North op freed 29 april de jûn Vertalersgeluk. Fjouwer oersetters, Yolanda Bloemen, Seijo Epema, Adiëlle Westercappel en Martsje de Jong, fertelle dy jûn oer har bysûnder fakgebiet. De Fryske skriuwster en einredakteur Tialda Hoogeveen liedt it petear en besiket alles út te finen oer de útdagings fan de Russyske, Ingelske, Nederlânske en Fryske taal.

Jûn oer oersetútdagings
De Vertalersgelukstournee hat plak yn it ramt fan de Europese Literatuurprijs. De priis bekroant sawol auteur as oersetter(s) fan it bêste hjoeddeiske Europeeske literêre fiksjewurk dat yn it ôfrûne jier yn Nederlânske oersetting ferskynd is.… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân útnûge foar literêr festival yn Sardinië

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma is útnûge foar in literêr festival op Sardinië. Dat hearde se tiisdeitejûn by in besite fan in delegaasje fan Italiaanske taalminderheden oan Fryslân.

De fertsjintwurdigers fan trije taalminderheden út Italië wurde dizze wike ûnderdompele yn de Fryske kultuer. Se binne hjir op útnûging fan de Nederlânske ambassade yn Rome. Moandei wiene se by Omrop Fryslân en tiisdei by teäterselskip Tryater yn Ljouwert.

It fers fan Kingma wie foar de besite oerset yn de minderheidstalen Sardysk, Friûlysk en Ladinysk. Dy ferskate ferzjes waarden foardroegen yn it Tryatergebou. Foar Kingma kaam dat ek as in ferrassing: “It wie moai.… Lês fierder