Aginda 15-11-2024: Bildtse ‘Ferhale-avend’ in the Friezinn

logo.ensafh

Dut jaar hout Bildts Aigene op 15 novimber de provinsjaleferhale-avend. Op deuze avend sille echte Bilkertsprachtige streekferhalen hore late. Dus kom na de Waddenherberg en beleef ’t Bildt deur de ogen fan de inweuners sels.

Geniet fan inspirerende, tragise en mankelike ferhalen die’t deuze landstreek ant leven bringesille. In The Friezinn in de Westhoek fan 20.30 uur ôf(inloop: 20.00 uur) over ’t jaarthema: ”‘t Fuur in mij.’

Sjoch foar mear ynformaasje by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: Online LIT-UP workshop oer AI foar útjouwers en skriuwers yn Fryslân

logo.ensafh

De oanwêzichheid fan keunstmjittige yntelliginsje (AI) yn ús deistich bestean is in feit. It Europese gearwurkings-projekt LIT-UP biedt op tiisdei 5 novimber fan 16.00 – 18.00 oere in fergese workshop oan foar skriuwers en útjouwers yn lytse talegebieten om de foardielen fan AI oan te stipjen. Yn dizze fergese workshop wurde tips dield en wurdtst bypraat oer hoe’tst AI sa optimaal foar dy wurkje litte kinst.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Stjoer dyn Fryske toanieltekst yn foar de Fedde & Martha Bergsma Priis 2025

logo.ensafh

Bist in toanielskriuwer mei in orizjinele Fryske tekst dy’t tusken jannewaris 2021 en 31 desimber 2024 skreaun is? Dan makkest kâns op de Fedde & Martha Bergsma Priis 2025! Dizze literatuerpriis, dy’t ien kear yn de trije jier útrikt wurdt, beleannet de bêste Fryske toanieltekst mei in jildbedrach fan €1000.

Lês fierder by KeunstwurkLês fierder

Aginda 31-10-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 oere is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.

 … Lês fierder

Aginda 23-11- 2024: Us aller ierdappel

logo.ensafh

FEESTLIKE MANIFESTAASJE OER ÚS ALLER IERDAPPEL

Underwerpen: de ierdappel yn ús eardere tiden, ierdappelbou no, de rjappel yn ’e literatuer, as ferskynsel yn ’e byldzjende keunst, as muzyk yn ’e earen, as genot op ’e tonge, as deistige stof ta neitinken.
Wikselwurking troch krigel beärbeidzjen fan spanningsfjilden. Kritise kanttekeningen.
En tagelyk krúsbestowing.

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en Frij

Jo kinne ek noch ynstjoere foar de Dichtbondel oer de ierdappel… Lês fierder