Aginda 16-07-2022: Presintaasje nije bondel ‘Utsicht’ fan Aggie van der Meer

logo.ensafh

Trije Fryske kulturele organisaasjes, Tresoar, Afûk en Stichting Uitzonderlijke Producties (UP), hawwe mei-inoar it inisjatyf nommen om nij wurk fan de Fryske skriuwster Aggie van der Meer (93) út Boalsert út te bringen yn in bondel gedichten en ferhalen, ûnder de titel: ‘UTSICHT’. Komponist Hoite Pruiksma makke op basis fan dy teksten ferskate komposysjes en hat se mei it koar CAPELLA FRISIAE en ferskate oare muzikanten gearstald op in cd dy’t yn dizze bondel opnommen is.

Sneon 16 july 2022 om 20.00 oere wurdt de nije bondel mei cd presintearre yn de Martinitsjerke yn Boalsert.

Sjoch foar mear ynformaasje by SirkwyLês fierder

Teleks: Alpita de Jong winner fan de dr. Joast Halbertsmapriis 2022

logo.ensafh

Alpita de Jong hat de dr. Joast Halbertsmapriis 2022 krigen. De Jong wie earder redakteur fan ensafh.

Omrop Fryslân: Skriuwster Alpita de Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis foar de biografy dy’t se oer Halbertsma skreaun hat. De Fryske skriuwster siet by de lêste fiif nominearren, fan 200 ynstjoerde wurken foar de priis.
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dat tiisdei besletten, op advys fan in ûnôfhinklike sjuery. De Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis fan 2021 foar har wurk: Joost Halbertsma 1789 -1869; In biografy.

Dit wiene de nominearren.… Lês fierder

Aginda 29-04-2022: Dichter fan Fryslân iepenet útstalling Keunstakademy en treedt op mei Elmar Kuiper, Tsead Bruinja en ZEA

logo.ensafh

 

Op freed 29 april iepent de Dichter fan Fryslân in útstalling fan de Kunstacademie Friesland.

Dyselde jûn stiet sy teagearre mei kollega-dichters Elmar Kuiper en Tsead Bruinja, tegearre mei ZEA, yn MeM yn Bûtenpost. De Dichter fan Fryslân is tegast tidens de Skuorre- en Tsjerketoer fan ZEA en Tsead Bruinja. ZEA spilet wurk fan syn yn novimber útbrocht album ‘Witst noch dat der neat wie’ en Tsead Bruinja draacht foar út syn nijste dichtbondel ‘Ynbêde / Ingebed’ dy’t op 25 maart ferskynt by de Afûk.

Kaarten foar dizze jûn fia MeM, Bûtenpost.

Boarne: Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Oprop 13-03-2022 ‘OPTREDE FOAR DE FREDE’

logo.ensafh

OPTREDE FOAR DE FREDE
SNEIN 13 MAART
12.00 – 14.30 OERE
PLAK: YTKAFEE DE BASUIN
Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert
skriuwers, dichters en muzikanten
litte in artistyk tsjinlûd hearre

Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert organisearje kommende snein 13 maart in kulturele manifestaasje foar de frede.
Skriuwers, dichters en muzikanten komme byinoar yn ytkafee De Basuin (achter it Ljouwerter stasjon) en foarmje in line-up mei koarte optredens.
Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei.
De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne.
Elkenien is tige wolkom.
De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555.… Lês fierder

Teleks: Heerenveen jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen yn de gemeente

logo.ensafh

Heerenveen jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen yn de gemeente

Alle 30 basisskoallen yn de gemeente Heerenveen krije de Lêskoffer fergees besoarge, mei dêryn tsien Fryske berneboeken foar alle leeftiden. Wethâlder Hedwich Rinkes naam moandei 7 maart op Het Vogelnest op It Hearrenfean de earste Lêskoffer yn ûntfangst fan Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra. Oanslutend fersoarge de Berneboeke-ambassadeur in les yn ien fan de groepen op Het Vogelnest. Dêrneist wurde yn maart yn It Hearrenfean en Jobbegea noch ynspiraasje-workshops foar learkrêften organisearre.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra: “Fantastysk dat de gemeente Heerenveen it foartou nommen hat om yn ien klap alle basisskoallen de Lêskoffer mei Fryske berneboeken kado te jaan.… Lês fierder

Teleks: Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2022

logo.ensafh

Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022 Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken nominearre foar de priis.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder