Grutte Gedichtejûn op 4 febrewaris yn Dokkum
Bliid as in protter kin de redaksje fan Frysk literêr tydskrift Ensafh oankondigje dat fanwegen de nije koroanamaatregels de Grutte Gedichtejûn diskear wer yn it echt plakhat. Ferline jier wie it folslein digitaal, dichters hawwe doe filmkes ynstjoerd, mar dit jier steane der mar leafst fjirtsjin dichters yn de IIsherberch yn Dokkum. De poëtyske jûn stiet plend op 4 febrewaris en begjint om 19:30 oere.
De Grutte Gedichtejûn is in soarte fan poëzymaraton, mei’t alle dichters ien fers foardrage. Wat is in poëzyjûn sûnder muzyk? De nedige muzikale ôfwikseling komt dêrom fan it duo Onno en Henderikus.… Lês fierder