Geart Tigchelaar

Netflix-searje yn boekfoarm

logo.ensafh

Willem Schoorstra hat foar dit jier it Fryske kadoboek mei de titel Rosmos skreaun. Suver elkenien ken Schoorstra fan syn histoaryske romans oer de lêste Fryske kening (Rêdbâd) en Grutte Pier (Pier) en foar syn lêste roman De nacht fan Mare hat er de Rink van der Veldepriis wûn. En oars is de namme grif bekend as kollumnist by de Omrop; alle tiisdeitemoarnen is de skriuwer fia de radio te hearren.

Schoorstra hat mei Rosmos in flot en retespannend boekwurkje skreaun dat men yn ien sike útlêst. De lêzer falt fan it iene foarfal yn it oare, ferfele docht it boek sadwaande nea.… Lês fierder

Jelma Knol

De moeder de vrouw by moderne Fryske skriuwsters (Mem 1)

logo.ensafh

De moeder de vrouw is de titel fan de Nederlânske Boekewike yn maart 2019. Dat wie hjir thús oanlieding foar in petear boppe de dampende boarden suerkoal. Hoe soest dat yn it Frysk oersette, moeder de vrouw, wie de fraach. Mem de frou seist net. It is gewoan ‘mem’, fûn de taalkundige yn ’e hûs. De moeder de vrouw as útdrukking foar it ynstitút yn de húshâlding hat yn it Frysk eins gjin synonym. Of it soe de baas wêze moatte, gniisde de taalkundige. Okee, de baas, yn dat wurd soest ek noch wat irony lizze kinne en sa wurdt de moeder de vrouw yn it Nederlânsk fansels ek brûkt.… Lês fierder

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Grutte gedichtejûn yn Marktzicht te Drachten

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearre wer in Grutte Gedichtejûn. Dat op op in stoarmige freedtejûn kamen in lytse fjirtich dichters yn it o sa smûke Marktzicht te Drachten om foar it ynteressearre publyk poëzy foar te dragen. Dichters fan alderhanne statuer, gender, tongfal en poëtika kamen efter de mikrofoan.
Ineke van der Heide presintearre koart har bondel Broek mei bûsen, dy’t earder dy dei ‘offisjeel’ presintearre wie. Hja mocht fan ’e organisaasje justjes langer oan it wurd om sa it boek syn gerak te jaan. Alle dielnimmende dichters mochten in eksimplaar mei nei hûs ta nimme.… Lês fierder

Geart Tigchelaar, Tsead Bruinja

Nei oanlieding fan de ynauguraasje fan Tsead Bruinja as Dichter des Vaderlands

logo.ensafh

Op 23 jannewaris lêstlyn waard Tsead Bruinja offisjeel ynaugurearre yn it nommele amt fan Dichter des Vaderlands. Hy mei dy funksje twa jier lang ferfolje. Tsien jier lyn wie er ien fan ’e nominearren, mar waard Ramsey Nasr Heitelânsdichter. Ditkear waard er hifke oft er it no wurde woe, sa fertelde er oan in seal fol freonen, famylje, kollega-dichters en oare belangstellenden. Blykber hie de dichter ôfkomstich út Rinsumageast dêr wol earen nei.
Bruinja is in ferneamde namme yn sawol it Frysktalige as it Nederlânsktalige dichtersmiljeu. Hy is net allinnich ferneamd troch de kwaliteit fan syn poëzy, mar ek trochdat er faak en graach op it poadium stiet, syn wurk yn de iepenbiere romte te finen is en dat er de sosjale media noch better wit te brûken as de Amerikaanske presidint.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2018

logo.ensafh

Poëzij

Gerda van der Wijk (samler)
Wa kin skiede fan in freon – gedichten en wurden fan treast
Afûk, Ljouwert 2018
Ferkeappriis € 9,95
ISBN 9789492176639

Ik mis dy wêr’t ik hinnegean
of wêr’t ik hinnekear:
de iere moarn, de dagen rûn
en jûntiids namstemear
Bin ik allinne, triennen rinne
itsij treurich, itsij blij,
ik mis dy, o ik mis dy sa,
ik mis dy njonken my!

Guido Gezelle

 

Poetic Potatoes/Poetry in Potato Bags
stichting De Bildse Aardappelweken, bestelle by Afûk. 2018
Ferkeappriis € 5,00
ISBN gjin

Yn 2018 binne Ljouwert en Valletta, haadstêd fan Malta , de kulturele haadstêden fan Europa.… Lês fierder

Piter Boersma

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2018

logo.ensafh

 

Redaksjoneel

It geheim fan Fryslân

Op ’e webside fan Ensafh stie fan ’t hjerst in oprop om ferhalen en essees te skriuwen foar it lêste Ensafh-nûmer fan dit jier:

‘It lêste Ensafh-nûmer fan 2018 sil wijd wêze oan it Fryske proaza, mei dêryn ferheljend proaza, besprekken en essees.
Wy sille dat nûmer de titel ‘It geheim fan Fryslân’ meijaan. Wy referearje dêrmei oan it feit dat Fryske romans en ferhalebondels hieltyd minder lêzen wurde. De Fryske lêskultuer stiet ûnder druk. It Frysk proaza wurdt sa stadichoan in geheim.
Wy nûgje proazaskriuwers en wa’t de ambysje hat om ferhalen te skriuwen út om wurk foar dat nûmer yn te stjoeren.… Lês fierder