Geart Tigchelaar

Mei in Weltschmerz-sigaarke yn ’e mûle de wrâld beloaitsje

logo.ensafh

Ferline jier is by Hispel de nije bondel, in echte Fries, fan Bartle Laverman ferskynd. Der steane ek in tal skilderijen fan syn hân yn, fandêr de ûndertitel gedichten & schilderijen. Nee, it is gjin tikflater, it stiet der mei ‘sch’, dus op syn Nederlânsk. De reden dêrfoar is grif om’t alle wurken in Nederlânsktalige titel drage. By de earste twa gedichten soest noch in beskate ferbining sjen kinne mei it byprinte skilderij. Mei de oare skilderijen is dat dreech, sels mei in sterke mjitte oan goede wil. Mar wêrom soe dat ek moatte? De bondel jout gewoanwei in bewiis fan it artistike kinnen fan Laverman.… Lês fierder

Jelma Knol

De omfallen kaartebak fan Obe Postma en in shortcut nei it wurk

logo.ensafh

In libben dat bloeide nei syn aard is de titel fan twa publikaasjes yn ien bân, yn 2017 publisearre troch Utjouwerij Elikser. It giet om in libbenskets fan de dichter Obe Postma troch Tineke Steenmeijer-Wielenga: ‘Al wat ik skriuw, dat is wier bard’ fan 247 siden en in stúdzje fan Geart van der Mear oer it wurk: ‘Fier haw ik myn dreamen weide / En de himel iepen sjoen’. It boek ferskynt yn de Obe Postma Rige fan it Obe Postma Selskip.

As jo as leafhawwer fan it dichtwurk fan Obe Postma alle feiten oer syn libben en wurk witte wolle, dan is dizze publikaasje in oanwinst foar jo samling.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2017

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is noch simmer, wylst ik dit skriuw, mar de ekwinoks en de hjerst slûpe stadich neieroan. De sinne is noch wol fûl, mar moarns en yn it skaad is de lucht wer skrousk. De ierde rûkt fochtich en oerryp, de fruchten gêstje oan ’e tûken. In tiid fan en nei de rispinge, wat ekstra tiid. De natoer hat him deljûn, en rintenieret.

Ik toffelje myn boekekast op en del, de adrenaline fan kommende ferhuzerij hâldt my wekker yn ’e nacht. Ik karmasterje de opbringst fan jierren: wat sil mei, wat kin nei de kringloop, wat skatten lizze der yn rigen efter de rigen.… Lês fierder

Meindert Reitsma

As Napoleon op Elba

logo.ensafh

De beide haadpersonaazjes yn it nijste boek fan Aggie van der Meer binne frijwat singelier. Ho Wu en Misty Mac binne súksesfolle sakeminsken, dy’t ynternasjonaal kontakten hawwe. Men komt net in soad oer de manlju te witten, sa jout Van der Meer bygelyks gjin beskriuwing fan harren uterlik. Der wurdt mar beheind kontekst jûn, bygelyks oer de skiednis fan har ûndernimming of oer relaasjes mei oare personaazjes.
Lykas faker yn har wurk kreëarret Van der Meer in mysterieuze sfear, dêr’t net alles fuort op syn plak falt. Yn Ho Wu en Misty Mac is dat lykwols mear it gefal as yn eardere boeken, wat syn funksje hat, sa’t fierderop dúdlik wurdt.… Lês fierder

De fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis 2017, besprutsen yn/op ensafh

logo.ensafh

 

Edwin de Groot oer Alinne en yn koar fan Wilco Berga. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 4, s. 40-45

André Looijenga oer Fallend ljocht fan Eppie Dam. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 2, s. 21-27

Sigrid Kingma oer Man en mem fan Elske Kampen. Klik hjir (pdf). Ensafh 9 (2017), nû. 1, s. 49-53

Jelma Knol oer Herbarium fan Albertina Soepboer Klik hjir (link). Ensafh online 28-10-2015.

Obe Alkema oer Brek dyn klank fan Abe de Vries. Klik hjir (pdf). Ensafh 8 (2016), nû. 1, s. 42-45… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei skriuwer en fjildman Gjalt de Groot

logo.ensafh

“As we net oer it iis koene omdat der in soal fan frachtskippen yn ’e midden wie en de skouwen fêstferzen leine, dan koene we soms net thúskomme.”

Gjalt de Groot is yn 1945 berne yn it boerespul “It Heale Moantsje” yn Readtsjerk. Nei in jier Ulo gie er nei de legere en middelbere lânbouskoalle. Hy wurke seis jier by syn heit op de pleats yn Raerd. Doe gie er wer studearjen, de oplieding ‘Dierveredeling middelbaar kader’ yn Almelo. Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar mingfoerfabriken en letter as bargeboer ûnder Holwert. Hy is no poldermûnder en greidefûgelbeskermer en hâldt him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.Lês fierder