Janneke Spoelstra

In pear dagen yn Dublin

logo.ensafh

Begjin jannewaris nûge de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin, dy’t ferline jier in pear moanne yn Ljouwert ferbleau yn it ramt fan it Oare Wurden-projekt , my út om diel te nimmen oan in literêre jûn op woansdei 8 maart, ta eare fan International Women’s Day yn Dublin. It like har moai om ien fan de Fryske fersesykly dy’t se fan my oerset hie, ‘Lees ik in rjappel yn ’e grûn’ en ‘Altyd alve’, dêr tegearre yn it Frysk en it Iersk nei foaren te bringen.

Sa’n bûtenkâns om mei jins fersen grinzen oer te stekken kin men net rinne litte fansels.… Lês fierder

Dirk Jan Muntentendam

In bytsje frjemd mar wol hiel aardich

logo.ensafh

Besprek ‘It testamint fan mr. dr. K.’ út de rige ‘De omkearde ferhúsdoaze’ fan Steven de Jong.

Steven de Jong is ien fan Fryslân’s meast ferneamde skriuwers, dy’t al in grut oeuvre op syn namme hat, mar foaral bekend wurden is troch De wuttelhaven del, dêr’t er yn 1992 de Gysbert mei wûn hat. Ik hie net in hiel soad mear fan him lêzen, dat ik wie wakker optein en krij dit boek fan de redaksje om te besprekken.

Ik moat earlik tajaan dat ik wol efkes fernuvere wie doe’t ik it boek foar it earst beseach. Ik gie der fan út dat it in roman wêze soe en mei in soad niget sloech ik it boek iepen.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Klaas Rusticus: “It iene is wier en it oare ek net.”

logo.ensafh

 

Klaas Rusticus is yn 1942 berne yn Snits. Hy hat twa dochters en wennet no yn Boskamp by Olst yn Oerisel. Yn syn berteplak folge er in oplieding ta skoalmaster. Mei skriuwer Anne Wadman rjochte er ein fyftiger jierren in ôfdieling fan de stifting Jeugd & Muziek op. Hy skreau ferhalen dy’t yn De Strikel publisearre waarden. Fan 1968 ôf rjochte er him op it teater en in pear jier dêrnei op telefyzjeproduksjes. Hy wie fan 1970-1977 yn tsjinst fan de NCRV, letter waard er programmamakker by de NOS en nei 1990 yn it bûtenlân. As teaterregisseur wurke er foar de Noorder Compagnie en de Theaterunie.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ynformaasje oer Leanne Ellul

logo.ensafh

Leanne Ellul is berne yn 1989 yn Malta. Yn 2015 ferskynde har jongereinroman Gramma yn it Malteesk by Merlin Publishers. Gramma fertelt it ferhaal fan in 14-jierrich famke mei anoreksia dat in protte gewicht ferliest, mar dat ûntkent. Leanne wûn mei it boek de Malteeske Novels for Youth-priis. Hja studearre Malteeske taalwittenskippen en is sljocht op literatuer. Leanne skriuwt al in moai skoft, njonken proaza skriuwt se poëzij en hat se toanielstikken skreaun. Hja sette twa boeken oer nei it Malteesk en skriuwt tekstboeken mei Clare Azzopardi.

Sûnt ferline jier wurket Leanne mei oan ferskate projekten fan de Valletta 2018 Foundation en by de kulturele organisaasje Inizjamed.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2017: ‘Malta’

logo.ensafh

‘It libben op elk eilân – lit it Malta wêze, Sint Helena of Madeira – streamt yn deftige ferwachting hinne. Dat hat syn skientme en syn ûngemak. Yn alle gefallen, elkenien is sûnder ophâlden dwaande, elk dimpt hiel licht de stim wat en is foar in oar oer in bytsje attinter as op it grutte fêstelân mei de wide jas fan syn wegen en syn ûntkennende frijheid.
De earskulp wurdt finer en krijt in nije rûning.’

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Piter Boersma

Tsjêbbe Hettinga en Hjir

logo.ensafh

Taspraak hâlden yn Tresoar op 21-04-2017, by de presintaasje fan Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten, fan Tsjêbbe Hettinga.

 

De earste kear dat Tsjêbbe Hettinga yn it tydskrift Hjir publisearre wie yn it oktober-nûmer fan 1973 mei fjouwer gedichten. Ien dêrfan wie ‘Simmer yn Fryslân’. Ik sitearje:

Simmer yn Fryslân

oeral weaget it wetter wer waarm
tusken de rûzjende reiden
oeral stiet it nôt te wiuwen en te winken
en oeral longeret it hea nei in hite lea
oeral fleurje de froulju wer op
en smite skeane eagen (mei in soad wyt)
dy’t him de griene riten besoargje
dy’t harren hichtepunten fine

yn de griene reiden
yn it as in nêst platleine nôt
of njonken in heane lea
yn it himelske hea
yn syn âlde gea:

it simmerske fryslân

De poëzy dêr’t Tsjêbbe grut mei wurden is, sit der al yn mear as embryonale foarm yn.… Lês fierder