Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Riga

logo.ensafh

Nei de Skandinavyske lannen is it efkes wennen hoe ‘lyts’ oft de Baltyske lannen binne. Men is der samar trochhinne as men der net om tinkt. Mar der om tinke doch ik no krekt wol! Sa’t ik in pear dagen yn Pärnu (Estlân) taholden haw, bin ik no al in pear dagen yn Riga om de stêd op myn gemak te ûntdekken. Mar ek jou ik mysels de tiid foar de skriuwerij en dêr binne biblioteken in útlêzen plakje foar. Men hat der wifi, it is der rêstich, men hat in stopkontakt en men hoecht net perfoarst in bakje kofje te keapjen yn tsjinstelling ta bygelyks in kafee (ik haw altiten myn eigen oploskofje wol by my).… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 2

logo.ensafh

Op dit stuit hâldt André Looijenga yn Bitola ta, yn Masedoanië, yn it ramt fan it ynternasjonale literêre útwikselingsprogramma ‘Other Words’/‘Oare Wurden’. Guon fan syn reisyndrukken publisearje wy dizze simmer yn Ensafh.

Ik woe de stêd wer út. Ik hie trije dagen yn Skopje omspaand, dêr’t it sa hyt wie dat bûten berik fan in airco myn harsens suver oerferhit rekken. No wie ik wer yn Bitola, mar ek dêr wie it waarm. De drokte op ’e terrassen, de auto’s en it bakkende asfalt: it stie my tsjin. Ik moast de heuvels yn.

Súd fan de stêd hawwe de heuvels wat mear skaad, mear bosken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar yn Estlân

logo.ensafh

En sa wie ik nei twa en in heale oere op ‘e fearboat sitten te hawwen yn Tallinn oankommen. Nei dêr omsjoen te hawwen (prachtige stêd!) bin ik te gau ôfsakke nei Pärnu. In terjochte skop ûnder de kont haw ik alhiel út Grins wei oer de app krigen mei it sizzen dat ik der hieltiten nei útsjoen hie om Estlân, Letlân en Litouwen te besjen dat ik no net mei kûgelsfeart rjochting Poalen moat. Fandêr dat ik op myn deade gemak Pärnu besjoen haw en ek de tiid nommen haw en drink in bierke op it strân.

SSA43248

Moarn sil ik lykwols, nei’t ik faaks earst wer it strân opsykje sil, rjochting Letlân.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Besite fan Malta

logo.ensafh

De ôfrûne dagen wie de Malteeske dichteres Rita Saliba yn Fryslân foar it projekt Poetic Potatoes, in projekt organisearre troch de Bildtse Aardappelweken yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Se waard beselskippe troch Leanne Ellul, fan it Malteeske literêre tydskrift Inizjamed, en immen fan Valletta 2018, de stêd dy’t tagelyk mei Ljouwert Kulturele Haadstêd wêze sil yn 2018.
Ik haw Rita yn jannewaris troffen op Malta, doe’t ik dêr mei Hein Jaap Hilarides wie yn it ramt fan itselde projekt. It wie bysûnder aardich om inoar no yn Fryslân wer te sjen. Woansdeis beseagen se de sit fan ’e KH2018-organisaasje, de Blokhúspoarte.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin

logo.ensafh

‘My opinions tend to be quite straight forward and honest.’

Réaltán Ní Leannáin (Belfast, 1960) hat fan heal april oant ein maaie dit jier yn it ramt fan it projekt Oare wurden/Other words yn Ljouwert wenne en skreaun. Se waard berne yn Belfast en brocht har jeugd dêr yn de jierren sechtich en santich troch. Se wennet no yn Dublin. Yn de jierren tachtich wie Réaltán learares Iersk en Spaansk op ferkate middelbere skoallen. Dêrnei dosearre se oan it Trinity College op Dublin City University en letter op Queen’s University Belfast. Yn de tiid dat se op Queen’s lesjoech, waard der kanker by har konstatearre.Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

Net dat ik gjin Gysbert Japi(c)x-boeken yn ’e hûs hie, mar ik krige pas echt aardichheid oan it wurk fan de Boalserter bard, doe’t ik ferline jier yn Brantgum op in feestlike middei yn tsjerke meisongen hie mei ‘Wolkom, freugde fan de wrâld’. De muzyk sloech foar my in brêge oer de 350 jier tusken Gysbert en no. Syn fersen yn drege stavering blieken sjongsume lieten. In histoaryske ûnderfining dy’t djipper yn it moed taast as rasjoneel te ferklearjen is.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Finlân

logo.ensafh

Der is neat fan te sjen op ‘e foto dat it hiele terras in pear oeren lyn (oant in oere as fiif) noch fol siet mei minsken. Gau-eftich hawwe myn saneamde Warmshower-host en ik de boel oprêden. It wie juster nammentlik Midsimmernacht, oftewol Juhannus, wat yn Finlân in like grut feest is as kryst. Ik mocht dat meimeitsje by in Australiër dy’t al sân jier yn Helsinki wennet en in nustje freonen en kollega’s útnûge hie.

SSA43233
Dat my noch it measte docht as dat it in hartstikkene moai feestje wie – mei in soad iten, bier, fjoer, gesellichheid en muzyk – is dat ik it ûnderfine koe mei minsken dy’t ik alhiel net kin.… Lês fierder