Eeltsje Hettinga, de ferrassende, mar ek omstriden winner fan de Gysbert Japixpriis 2021 foar de fersen dy’t er as Dichter fan Fryslân skreaun hat, brocht yn dat selde jier tegearre mei akwarelliste Elske Schotanus de leporello (harmoanikaboek) De Hôven út. De makkers brûke nammers ynstee fan leporello de Fryske term rolprint.
It boekje is ferskynd nei oanlieding fan de manifestaasje ‘Hjerst Ritme Huzum’. Dit evenemint is folslein oan my foarbygien, mar faaks is it net trochgien fanwegen de koroana. De Hôven is útjûn by Stichting Cepher, in útjouwerij sûnder wurkjende webside…
De gedichten binne blykber skreaun nei oanlieding fan de skilderijen.… Lês fierder