Friduwih Riemersma

De ûnmooglikheid fan learen

logo.ensafh

De romans fan Sjieuwe Borger falle op troch de gewoane minsken mei gewoane doelen en misjes. Gjin machtige kontininten wurde ûntdutsen, gjin eksistinsjele ekstremen wurde ferkend. Gjin bûtenierdske útstapkes wurde oangean, of it moast al wêze fia geastferromjende middelen. Dat Borgers eardere romans allegearre yn it akademyske fermidden spilen, sa’t de efterflap fan Eksamenjier suggerearret, is in fersin fan inkelde letters, – it giet om in alkoholysk miljeu. Sa ek de fierde roman, Eksamenjier, dy’t in klupke lêstejiers gymnasiasten en ateneumklanten folget. Net har hegere sosjaalekonomyske status, mei de dêrby hearende gruttere drankkonsumpsje, meitsje harren spesjaal. Dat docht harren minsklikheid dy’t Borger, mei syn oanhâldend optimistyske minskbyld en mei licht ferwizen nei de humanist Catullus, yn al syn teatraliteit delset.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Universele gelegenheidspoëzije

logo.ensafh

Besprek as deldwarreljende jiske fan Ate Grypstra

Ate Grypstra hat yn de perioade fan 2012 oant it begjin fan 2014 doarpsdichter – Grypstra betitelet himsels as Wâlddichter – fan Achtkarspelen west. Nei de ein fan syn amtsperioade is der in lyts dichtbondeltsje ferskynd mei as titel: as deldwarreljende jiske: Wâldsangen en doarpsgedichten.

as deldwarreljende jiske

Om ferskate redenen sil der net botte djip yngien wurde op de gedichten sels. It boekje is net te besetten. It is eins hast allegearre gelegenheidspoëzije en dat jout it wat partikuliers, al steane der guon gedichten yn dy’t yn in mear algemiene kontekst (lês: tydskriften) publisearre binne.… Lês fierder

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4, 2015

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 4 (2015)

It tema fan dit nûmer is: 侘寂.

De twa Sineeske karakters (respektyflik betsjutte se soks as ‘iensum’ en ‘stil’) skriuwe it Japanske begryp wabi sabi. Fan oarsprong is it in begryp út it 13e-ieuske Zenboeddhisme – Michel Dijkstra fertelt dêr yn syn bydrage mear oer. De idee wabi sabi hat fan grutte ynfloed west op de Japanske estetika. It ûnfolsleine, it asymmetryske, it skurve, it organyske, dat wat moai is fan jeld: men sjocht it rûnom werom yn tradisjonele Japanske ûntwerpen. Dêrby heart de gedachte dat men it fergonklike oanfurdigje moat.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Jelma Knol

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2015

logo.ensafh

Germanen yn de Fryske literatuer

Foar jim leit it jierlikse spesjaalnûmer fan Ensafh: Germanen yn de Fryske literatuer is diskear it ûnderwerp. Dêr heart fansels in stinnerige ferantwurding by en it seit wat oer de fleurich-anargistyske sfear yn de redaksje fan ús tydskrift dat wy ús dêr net oan besûndigje. Betink sels mar wat, lêzer.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Ferdinand Wanders

Alve tinten Swart

logo.ensafh

Ensafh frege my om myn hert en harsens ris nei de teksten op it debútalbum Skym fan Kjeld harkje te litten. Underwilens moasten myn earen dan de my sa swiet taklinkende, yn- en ynswarte rûs fan de alve nûmers op Skym redusearje ta eftergrûn. Lykas in keunstkenner nei it ynfallende ljocht op in Rembrandt sjocht, wylst ik net folle fierder kom as in kloft manlju en in hûn dy’t mei-elkoar de Nachtwacht foarmje. Sa sil ik besykje de literêre kant te beljochtsjen fan dizze muzikale fyftich tinten swart, dy’t foar ‘gewoane’ minsken wis as ‘grêfherje’ oanmurken wurde sil.

Kjeld is neffens my de iennige aktive Frysktalige blackmetalband op ierde.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tsjuster fan blackmetalband Kjeld

logo.ensafh

‘Yn de stoarm en gaos fan black metal is wat majestueus te ûntdekken.’

De blackmetalband Kjeld út de Wâlden is oprjochte yn 2004. De band bestiet út: Kâld (gitaar), Tsjuster (gitaar), Swerc (bas), Fjildslach (drums) en Skier (sang). Yn 2010 kaam de earste EP De tiid hâldt gjin skoft fan Kjeld út. Nei dy útjefte hat de band him fierder ûntwikkele, wat laat hat ta it ferskinen fan de CD Skym yn maart 2015 by Hammerheart Records. Kjeld sjongt yn it Frysk, yn de teksten komt de mytologyske en heidenske tematyk nei foaren.

Black metal is in subsjenre fan de heavy metal, dat him ôfsplitste fan de iere trashmetal- en deathmetalscene.… Lês fierder