Geart Tigchelaar besprekt ‘Wyt ljocht’ (Afûk 2021) fan Baukje Wytsma.
Skôgingen
Oer ‘Nachtschrijver’ fan Jannie Regnerus
Yn de simmer fan 2012 trof skriuwster Jannie Regnerus dichter Tsjêbbe Hettinga op Flylân. Se swommen en kuieren tegearre en praten ûnder oare oer skilderkeunst. Regnerus krige fan de dichter in bondel, hy skreau foaryn ‘In byld fan dy yn ’e golven’. Dy ûnderfiningen setten har derta oan om in roman te skriuwen oer it ûnderwerp ‘Wat it is om dichter en blyn te wêzen’ mei as titel Nachtschrijver. It boek ferskynde yn maart 2017, in moanne foardat Hettinga syn samle fersen útkamen. Regnerus hie fraachpetearen mei Kirsten van Santen (LC 17 maart 2017) en Diane Romashuk (FD 12 april 2017).… Lês fierder
Twatalige dichtbondel OAR HÛS / ET ANDET HUS presintearre yn Aarhus
Twatalige dichtbondel OAR HÛS / ET ANDET HUS woansdeitejûn presintearre yn it Deenske Aarhus
Woansdeitejûn 16 juny waard de Deensk/Fryske dichtbondel Oar Hûs / Et Andet Hus presintearre op it ynternasjonale literatuerfestival LiteratureXchange yn Aarhus. Sân oanwêzige dichters – trije Fryske, fjouwer Deenske – droegen foar út de nije bondel, foar in moai protsje publyk fan oanhing en ynteressearren. Geart Tigchelaar hie de lieding. Hy wie dêrfoar de oanwiisde man, want de bondel azemet syn kreätiviteit en organisaasjekrêft. Mei Carsten René Nielsen makke er it grutste part fan de oersettings en hy skeat de swart-wytfoto’s fan Aarhus dy’t troch de bondel hinne struid binne.… Lês fierder
‘hij börtet licht mei dyn beeld fan’
De titel fan ’e debútbondel fan Joël Hut is börtersgrut. De boarters binne grut, sa lês ik de titel. It liket ek wat op ‘boartersguod’. Boarterij foar grutte minsken?
De bondel is yn trije skiften ferdield: ‘spul. wat der is’, ‘spul. wat der spile’ en ‘spul. wat der spile is’. Giet it yn it earste skift om ‘spul’ yn ’e sin fan guod? Yn it twadde en tredde om it spyljen fan spultsjes, it spile hawwen fan spultsjes? We sille sjen.
Elk skift hat 8 gedichten. Der wurdt boarte mei taal, dat is al gau dúdlik, de taal fan ’e Súdwesthoeke.… Lês fierder
Ferdwaald tusken Bakhuzen en Hoonhorst
Jetske Bilker docht yn har nijste roman Spegel en sonde eat dêr’t se bysûnder goed yn is: se leit op in hast comedy-achtige wize it libben bleat fan minsken út kreative beroppen dy’t frjemd geane en soks kamûflearje mei in soad foarsoargen en sa nedich ligerij. Dat docht se op in lichte toan, de karakters fan en de ûntwikkelingen tusken de personaazjes wurdt fierhinne helder yn de dialogen en de plot stekt bysûnder knap yninoar.
Der falt dan ek hiel wat te gnyskjen om de tûkelteammen fan de personaazjes. Diskear is de readhierrige, 55-jierrige Pippy Doutsen van der Hoop, in toskedoktersassistinte dy’t oan de Gerrit Rietveld Akademy studearre hat en ea in suksesfolle keunstneres wurde soe, de haadpersoan.… Lês fierder
In saakkundige Gysbert-sjuery…
Op 16 febrewaris skreaunen fjouwer kollega-skriuwers (en eks-winners fan ‘de Gysbert’) in kritysk Te Gast oer de gearstalling fan de advyskommisje foar de Gysbert Japixc-priis. Sy fine dizze sjuery net saakkundich genôch. Oer de gearstalling jout Tresoar in advys oan de Provinsje, dat troch de Provinsje opfolge wurdt. Dat feit is by teminsten twa fan de fjouwer ûndertekeners fan de te Gast bekend.
By de Provinsje sels is dy saakkundigens der net, dus is it logysk dat it Frysk Letterkundich sintrum Tresoar de Provinsje hjir de helpende hân biedt. It is nammers om meardere redenen better om as oerheid in bytsje ôfstân te hâlden: sa’n priis moat sa ûnôfhinklik mooglik takend wurde.… Lês fierder
Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2021
Redaksjoneel
It earste nûmer fan Ensafh stean mânske stikken yn, sa as twa yngeande besprekken, it iene fan Sipke de Schiffart syn roman Sjappy troch Geart Tigchelaar en it oare fan Elmar Kuiper syn dichtbondel Wite Mûle, Swarte Molke troch Teake Oppewal, dêr’t it hiele oeuvre fan Kuiper by te praat komt.
It nûmer iepenet mei in iisbaangedicht fan Jacobus Q. Smink (mei dêrop folgjend as reaksje in iisbaangedicht fan Eppie Dam) en it einiget mei in ferhaal fan Geart Tigchelaar.
Mei it neamen fan Jacobus Q. Smink en Geart Tigchelaar komme wy ek op in oar sjapiter.
Twa gatten
Yn de redaksje binne twa gatten slein, sawol Jacobus Smink as Geart Tigchelaar ha de redaksje ferlitten.… Lês fierder