Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en Ynhâld fan ensafh nû. 4, 2014, it Rely Jorritsma-nûmer

logo.ensafh

Redaksjoneel

Sûnt 1954 skriuwt de stichting Rely Jorritsma Founs alle jierren in literêre priisfraach út mei as doel de Fryske literatuer te befoarderjen.
Sûnt 2004 wurdt nêst de gewoane priisfraach ek de Rely-Juniorpriisfraach foar jongeren fan 12 – 18 jier útskreaun.
Yn dit nûmer fan Ensafh stiet it bekroande wurk fan 2014. Sa as wenst binne ek de sjueryrapporten opnommen.
It bestjoer fan de stichting, besteande út it Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders fan de gemeente Littenseradiel, hat de útjefte finansjeel mooglik makke.

Sjoch hjir foar it folsleine berjocht (pdf)

 … Lês fierder

Anne Tjerk Popkema

De leafde sil ús rêde

logo.ensafh

Ynlieding holden op freed 12 septimber op it Swalk Boekebal, as bydrage oan de diskusjejûn oer de relaasje Fryske literatuer en KH2018.

20 oktober 2012 wie in swarte dei yn myn karriêre. Op dy dei krige ik de Obe Postmapriis foar oersettingen. Oant dat stuit siet ik alle dagen yn in boppekeamer fan myn hûs yn Grins sa tefreden as wat jierferslaggen, provinsjale nota’s en oare mearkes oer te setten yn it Frysk. Mar néi dy 20e oktober 2012 wie it gau dien mei de fertaalfreugde. Foar’t ik Projekt P!!! roppe koe, kaam ik yn it bestjoer fan It Skriuwersboun, waard ik op Facebook hifke troch tsientallen Fryske skriuwers, Fryske bewegers en fryskofilen yn it algemien, moast ik ynienen perfoarst hiel hurd tsjin de Fryske Akademy BÛÛÛ!!!… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – Septimber 2014 + oanfolling

logo.ensafh

Septimber is ien fan de moaiste moannen foar in boekegek lykas mysels (neist de moanne dêr’t jo jierdei yn falt, en de desimbermoanne mei Sinteklaas en Kryst). As skoalfamke wie it al sa moai om oan it begjin fan it nije skoaljier nije learboeken te krijen – op ’e basisskoalle likegoed as op ’e middelbere skoalle, dêr’t de boeken ek noch soarchsum en kreas kafte wurde moasten. Sa’n boek foar it earst iepenslaan en trochblêdzje en sneupe yn alles dat we dat jier wer leare soene wie hieltyd wer in spannend aventoer.
Op de universiteit gong it krekt sa, al koene we doe elts semester nije boeken krije, en faak genôch wiene dat ek hearlike lêsboeken en mânske klassikers dy’t yn de kolleezjes behannele waarden.… Lês fierder

Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 3, 2014

logo.ensafh

Redaksjoneel

Guon hiene der earder west, mei of by oaren, koartby of jierren lyn. Guon wiene der foar it earst. De foardoar siet op ’t slot, mar we koene achterom. Of wie dat krekt de foarkant? It útsicht wie dêr rom. In wytfisk sloech mei de sturt op it wetter, toarnders flitsten tusken ielstikels troch. Der wiene steapelwolken, der wiene fleantúchstreken. In hoanskrobber mei flarderige wjokken sweefde oer de greiden. Guon kamen letter, guon kamen net. Der wie sinne en der wie skaad. Der wie praat en laitsjen. Yn ’e fierte skoden boatsjes foarby. Der wie in deade beam en iten en drinken.… Lês fierder

Marga Waanders foarsitter Gysbert-sjuery 2015

logo.ensafh

Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.

Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Jarich Hoekstra: ‘Ik bin net ûnwennich nei Fryslân.’

logo.ensafh

Jarich is berne yn 1956 yn Hitsum. Hy is opgroeid yn Abbegea en op syn tolfde ferhuze nei Almelo. Hy is heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde yn it Dútske Kiel, dêr’t er him ek mei de ferskate Noardfryske dialekten dwaande hâldt. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krigen Jarich en Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis foar har Fryske oersetting fan Bommel-ferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Yn 1995 kaam harren earste boek Hâld faasje út.Lês fierder

Meindert Reitsma

Gefaar en útdaging as speserijen fan it libben

logo.ensafh

Yn de Grykske mytology is it ferhaal fan de healgod Tantalus in tragysken ien. Tantalus waard troch Zeus yn fertrouwen nommen, mar beskamme dat fertrouwen troch ûnder oare te stellen en geheimen troch te fertellen. As straf waard Tantalus nei it ûnderste en slimste part fan de ûnderwrâld stjoerd, dêr’t Hades de skepter swaaide. Hy waard feroardiele ta de ivige toarst en honger. Tantalus moast oant it kin yn it wetter stean en alle kearen wannear’t er drinke woe, sakke er fierder de grûn yn en wannear’t er it fruit dat boppe it wetter hong pakke woe, slagge it him net.… Lês fierder