Edwin de Groot

It horloazje fan de hypnotiseur

logo.ensafh

Ik fal fuort mar mei de doar yn hûs. Dit is in boek dat der wêze mei. Lit de e-books har mar dwaande hâlde mei Skandinavyske thrillers, Esther Verhoeff en oare (foartinte-)literatuer. Dit boek moat fysyk belibbe wurde.
Thús mei in bakje kofje en Stimd Slik op skoat.

De kleur fan it omkaft ferrast my, want mei sa’n titel ferwachte ik in griis omkaft. Ynstee is de kleur mear akwamarijn of turkoaize. Mei de heale titel dêryn drukt en mei in fine giele letter de twadde helte. In hoeden en dochs prikkeljend foarmjûn omkaft dêr’t jo efkes nei sjen moatte. Der sit in ûnthjit yn; dit boek hoecht net allinne lêzen te wurden, of besjoen.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – july 2014

logo.ensafh

Poëzij bliuwt in nijsgjirrich fenomeen. It alderearste kolleezje dêr’t myn stúdzje Ingelsk mei begûn wie ‘Academic Reading’, in fak dêr’t de grutten út de Ingelske literêre skiednis – Shakespeare, William Blake, T.S. Eliot – oan close reading ûnderwurpen wurden en wy as iverige studinten rigel foar rigel, wurd foar wurd op ’e siik gongen nei wat de dichter no krekt bedoeld hie, of bedoeld kind ha soe, of ûnbewust yn it gedicht stoppe hie. Wapene mei metafoaren, rymskema’s en leitmotiven gongen wy de gedichten te liif yn de ynterpretative striid.
Yn in folgjende stúdzje folge ik it kolleezje ‘Literaire Tekstinterpretatie’, itselde fak mar dan yn it Nederlânsk en mei Nederlânske dichters.… Lês fierder

Martsje de Jong

Kompleten – it mystearje fan libben, leafde en dea

logo.ensafh

Kompleten is in boek dat oan alle einen en kanten bol stiet fan symbolyk en rituelen. It binne eins trije ferhalen yn ien, in trije-ienheid dus. Ferline, hjoed en takomst spylje in rol. It ferline bestiet út brieven fan in pater fransiskaan yn Brazilië, it no is foar de ik-figuer yn in benediktiner frouljuskleaster en de takomst beskriuwt de sykte en it ferstjerren fan Jens, de man fan de ik-figuer.

It is de ivige syklus, de lemniskaat, de lizzende acht: ferline oan ’e iene kant, takomst oan de oare en yn it krúspunt it hjir en no. It is dizze lemniskaat, de 8, it getal fan de folsleinens, it figuer dêr’t gjin begjin en ein oan is, dy’t troch it boek hinne hieltyd werom komt en nea yn letters skreaun wurdt, sadat de ûneinigens sichtber oanwêzich bliuwt.… Lês fierder

André Looijenga

Sortes Postmianae

logo.ensafh

André Looijenga hâldt him op it stuit ta yn de Skriuwersarke. Foar Ensafh docht er dêrwei om de safolle dagen ferslach fan wêr’t er him dêr mei dwaande hâldt.

Ik tôgje mar mei boeken om. Bin ik eins wol te plak hjir yn it petgat? Rêst, roeie, fytse, ja fansels: mar thús yn Grins steane myn dekameters boekekast. Boeken kin ik net sûnder. Eins kin ik ek net skriuwe sûnder dat der boeken binne. Literatuer is foar my net sa mar ferhaaltsjes fertelle: it is fierder gean nei wat der allegear al skreaun is. En weromgean nei wat earder skreaun waard.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege, André Looijenga

Nij op ’e planke – simmer 2014

logo.ensafh

Moai waar, lange dagen
Folle koffers, lege holle
Even útwaaie, brúnbakke, dweiltrochwiet reine
Einen fytse, fleane, ride – mei of sûnder sleurhut
Berchbeklimme, djipseedûke, of thús it eigen túntsje wjudzje;
Hoe’t jim de fakânsje ek fiere, in boek kin der altyd by!

Poëzij

lietfanitfjild

Piter Boersma
Liet fan it fjild – Sineeske gedichten
Hispel, Wiuwert 2014
ISBN 97890 7415 6150
Ferkeappriis € 10,00
Earder yn Ensafh en foargongers ferskynd, no by-ien brocht: klassike Sineeske gedichten, oerset yn it Frysk en fan in yngeande ynlieding foarsjoen.

stimdstik

Hein-Jaap Hilarides & Hendrik Elings (skilderijen)
Stimd Slik
Uitgeverij Louise, Grou 2014
ISBN 97894 9153 6212
Ferkeappriis € 15,00
Biltsktalige poëzij fan de bekende dichter, proazaskriuwer en muzikant, begelaat troch skilderijen fan syn streekgenoat.… Lês fierder

André Looijenga

Stekt de bonken út

logo.ensafh

André Looijenga hâldt him op it stuit ta yn de Skriuwersarke. Op ûnrigelmjittige mominten sil er foar Ensafh ferslach dwaan út Rink van der Velde syn petgat ûnder De Feanhoop. Dit is de earste ôflevering út dizze rige:

Sieten wy op de flonder fan de Arke, soenen hast itensiede, belle heit: it sjocht der net bêst út mei dyn kat. Yn de wike foar’t ik fuort soe, die it bistke al wat nuver. Net ite wolle. By it op de finsterbank springen der oer de radiator wer ôf knoffelje. In grouwe kat wie er noait, mar hy like no suver meager te wurden.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Hilda Talsma: ‘Alles is klisjee. In literêr boek ek.’

logo.ensafh

Se debutearre yn 2011 mei de roman De twadde hûd. It ferfolch Flammen kaam yn 2012 út en yn 2013 it lêste diel yn de trilogy, It geloksbern. Yn dizze boeken wurdt it doarpslibben op in realistyske manier beskreaun. Se wurke mei oan it skûtsjeboek De Jonge Jan, De Poep en de Sytema’s (2010). Se hat ek ferskate toanielstikken skreaun. Hilda (Alde Leie, 1971) is troud mei Jelle Talsma en sy ha fjouwer bern: trije soannen en ien dochter. Sy wenje yn Warten mei twa hynders, fjouwer hûnen, fjouwer katten en hinnen. Se hat de oplieding ta dosint tekenjen twadde graad folge oan de NHL yn Ljouwert.Lês fierder