André Looijenga

“Staveringshifker kin earst ek wol sûnder nije stavering”

logo.ensafh

Jûn oer stavering en standertwurdlist, 28 juny 2013

It wie in rûzige, reinige jûn yn midsimmer dat Provinsje en Fryske Akademy in iepenbiere diskusje belein hiene yn It Aljemint. De boppeseal fan de Akademytsjerke like hast twatredde fol te sitten mei belangstellenden foar de staveringsferoaring en skriuwtaalstanderdisearring. Meastepart frisisten en frisiasten, tastreamd yn de hope op ferljochting oer dizze kwestje dy’t no al twa moannen safolle tongen, pinnen en kompjûterkaaibuorden losmakke hie. Wat skriuwers, in stikmannich studinten. En ek in nustje Steateleden, sij it net fan alle partijen (bywêzich wiene wurdfierders fan PvdA, FNP, CDA, VVD, CU en GL).

Oer dizze staverstriid is kontra en pro ûnderwilens in dossier opinystikken folskreaun mei de omfang fan in foech âld boereroman.… Lês fierder

Pieter Breuker

Wêrom’t dy Fryske standertwurdlist sa’n ûntrochtocht en dus min idee is

logo.ensafh

Ofrûne moandei publisearren wy it essay ‘Beswieren tsjin de beswieren’, wêryn’t Geart Tigchelaar it fêststellen fan in Standertwurdlist (mei dialektseleksje) troch de Fryske Akademy ferdigene hat. (Hjir in link nei dit stik fan Geart Tigchelaar.) Pieter Breuker, û.o. âld-dosint oan de Ryksuniversiteit Grins en ien fan de driuwende krêften efter de ‘Oprop oan Provinsjale Steaten’ (op ensafh publisearre op 5 juny lêstlyn), hat de lêste dagen in wiidweidige replyk jûn op it betooch fan Tigchelaar. Omdat de arguminten dy’t Breuker dêryn oandroegen hat in wichtige ynhâldlike bydrage binne oan de diskusje oer de winsklikheid fan sa’n Standertwurdlist en oer dy fan fan boppe-ôf stjoerde standerdisearring fan de Fryske skriuwtaal, nimme wy Breuker syn reaksjes fan 25, 26 en 27 juny op, gearfoege ta ien trochrinnend essay.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Michel Dijkstra oer easterske filosofy, Tsjêbbe Hettinga, tiid en ivichheid….

logo.ensafh
MichelDijkstra-auteursfoto

Foto: Harry Cock

Michel Dijkstra (Dronryp, 1982) hat filosofy, sjoernalistyk en Sanskryt studearre yn Grins. Hy hat trije boeken skreaun: Oosterse filosofie in een notendop (2008), Bij Lao Tsé op de Thee (2009) en Zenboeddhisme (2010). Hy hat ûnder oare publisearre yn Ensafh, Bres, Filosofie Magazine, Boeddha Magazine en deiblêd Trouw en is dwaande mei in proefskrift oer de Dútske mystikus Meister Eckhart en de Japanske zenmaster Dogen. Hy is dosint filosofy yn it fuortset ûnderwiis en jout kursussen easterske filosofy by de ISVW. Michel wennet mei syn frou en soantsje (6 moanne) yn Dimter, dêr’t ik him opsykje.

Wat kinst fertelle oer de achtergrûn fan dyn boeken en oer easterske filosofy?Lês fierder

Geart Tigchelaar

Beswieren tsjin de beswieren

logo.ensafh

Op myn stik Kom mar op mei dy standert! dat 3 juny 2013 op ensafh.nl publisearre is, is wakker reagearre. Benammen myn âld-dosint Pieter Breuker hat fan him hearre litten mei in moai tal arguminten. It binne deselde arguminten as yn it opstel fan in pear foaroansteande frisisten mei mear as hûndert ûndertekeners, dat ek op ensafh.nl publisearre is (5 juny), mei de titel Oprop oan Provinsjale Steaten, oer staveringsferoaringen en standerdisearring. Hja bringe dêryn in stikmannich beswieren tsjin sawol de stavering as de standerdisearring op it rabat. Yn ûndersteande tekst wol ik al dy beswieren bydel rinne en dêr op yngean of der sels yn meigean, mar dan wol mei kanttekenings derby.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Stiennen mei kraskes

logo.ensafh

‘Drank, drugs, seks, leafde, froulju, freonskip, oerhoer en leafdespine: der is net in band dy’t de rock ’n’ roll better libbe, belibbe, skreaun, beskreaun en op wûnderbaarlike wize oerlibbe hat as de Rolling Stones.’
Dat skriuwt oersetter Hein Jaap Hilarides op ’e earste side fan it boekje dat heart by de cd Stones yn it Frysk fan The Hangouts, dy’t op 20 april lêstlyn presintearre waard yn Poadium Asteriks te Ljouwert.

Tredde cd

Nettsjinsteande alle krektneamde, foar de ‘gewoane man’ faaks funeste yngrediïnten om in minskelibben ta in útdragen ein te bringen, bestiet de Britske band The Rolling Stones noch altyd.… Lês fierder

Oprop oan Provinsjale Steaten, oer staveringsferoaringen en standerdisearring

logo.ensafh

 

Mear as hûndert ûndertekeners fan in Oprop oan Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle gjin nije staveringswiziging en gjin ferplichtsjende ‘standertwurdlist’ foar it Frysk.

Under oaren de heechleararen Nils Århammar, Philippus Breuker, Henry J. Baron, Germen de Haan, Siemon Reker en Goffe Jensma fine in yn april nommen beslút fan de Steaten wittenskiplik min ûnderboud en net basearre op serieus draachflakûndersyk.

De ûndertekeners, mei bekende nammen út wittenskip, kultuer en ûnderwiis, wolle net dat takomstige produkten fan de Fryske Akademy as in staveringshifker en in Grien Boekje ta stân komme mei wizigingen yn de stavering of seleksje fan standertwurden op basis fan dialektfoarmen.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Kom mar op mei dy standert!

logo.ensafh

Stavering is suver altyd in kwestje fan emoasje, sa skriuwt ek Anne Tjerk Popkema yn in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan 10 maaie 2013. En dat de emoasjes yn de kwestje fan staveringsferoarings foar it Frysk heech opspylje, docht bliken út in lange rige fan ynstjoerde stikken en stikken dy’t op weblochs ensfh. publisearre binne.
It giet lykwols net allinne om in staveringskwestje: de Fryske Akademy komt yn opdracht fan Provinsje Fryslân ek mei in Standertwurdlist. Dat dêrmei de emoasjes noch heger oplôgje as allinnich mar ‘in’ staveringsferoarinkje is net sa nuver. It dialektysk ferskaat hawwe de measten tige heech en se wolle dat hoe dan ek bewarje.… Lês fierder