Foar minsken dy’t Trinus Riemersma kend hawwe en leafhawwers fan syn ier wurk is Bûntskildere werklikheid. Oantinkens oan de skriuwer Trinus Riemersma fan Antsje Swart in oanrieder. Frou Swart, de earste echtgenoate fan Trinus Riemersma, beskriuwt út har ûnthâld wei, wat se mei Trinus as oankommend skriuwer en ûnderwizer belibbe hat. De húslike omstannichheden fan it jonge pear, dat it iene bern nei it oare op de wrâld set, binne op in feardige wize delset en it skriuwerskip fan Trinus en dy syn literêre kontakten en opinys ek. Der steane pearels fan anekdoates yn dêr’t men jin as lêzer o sa mei fernuverje kin.… Lês fierder
Skôgingen
Besprek: Wy strûpe derûnder! fan Gjalt de Groot
Mei Wy strûpe derûnder! hat de boer en fjildman Gjalt de Groot in alderaardichst boek skreaun oer it buorkjen en fiskjen yn âlde tiden. It earste part, Jeen en Anne, beskriuwt yn romanfoarm it hurde en somtiden aventoerlike libben fan it jonge pear foardat it op 12 maaie 1919 op de Koaipleats yn de Alde Feanen telâne kaam. It twadde part bestiet út losse ferhalen oer de bewenners fan de Alde Feanen, de famyljes dy’t buorken op Cuba. Op ’e Koaipleats, Luctor et Emergo en Laban, yn de perioade nei de Earste Wrâldkriich, mar ek letter. Sytze en Maaike, dy’t lanlike bekendheid krigen troch de kranteferhalen fan dûmny De Stoppelaar, binne net oerslein.… Lês fierder
Fideobesprek ‘Blaumelly’ fan Abe de Vries
https://youtu.be/cbxYvKbwDcA
Geart Tigchelaar besprekt ‘Blaumelly’ (Utjouwerij DeRyp 2020) fan Abe de Vries.
It gedicht ‘Ballade fan ’e ammoniakútstjit’ is hjir te finen.
It e-boek ‘In rûgel wyt. Gedichten fan Robert Frost, seleksje en oersetting troch Abe de Vries’ is hjir del te laden.
Fideobesprek oer ‘Opskuorgebieten’ fan Abe de Vries stiet hjir:
Podcast Boekemantsjes: Besprek ‘Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.’ fan Anne Feddema
Yn dizze twadde ôflevering besprekke de Boekemantsjes de twatalige bondel ‘Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L.’ (Afûk 2020) fan Anne Feddema.
Boekemantsjes binne Frank Hopwood en Geart Tigchelaar.
https://anchor.fm/boekemantsjes/episodes/Boekemantsjes-besprekke-LippebiterLippenbijter-flevering-2-en5ick… Lês fierder
Petear mei Koos Tiemersma
Mei Quist hat Koos Tiemersma foar it earst sûnt syn boekewikegeskink fan 2007 wer in fantasy-eftige roman skreaun. En dat is eins tafal, want it gefolch fan dy iene sin dy’t him samar ynfoel: ‘de duvel mei my helje’. Wêrom skreau er dit boek, dizze Quistiaanske Faust, en wat driuwt him om hieltyd mar wer nei nije literêre foarmen te sykjen?
De learaar Dútsk oan in middelbere skoalle Quist kin neffens de rektor eins better mei pensjoen. Mar Quist tinkt dêr oars oer en lit him ûntfalle dat de duvel him helje mei as er op dy suggestje yngiet.… Lês fierder
Under Hildegards tsjoen: Taspraak by in boekpresintaasje dy’t net trochgyng
Piter Boersma hat mei syn nijste dichtbondel, Under Hildegards tsjoen, wer ris foar in unikum soarge yn de Fryske literatuer. Yn 312 kwatrinen fertelt er it ferhaal fan syn fassinaasje foar Hildegard fan Bingen, in tolfde-iuwske mystika en abdis. Hy hat keazen foar in literêre foarm, it ferheljende lange gedicht, dat nei it begjin fan de 19e iuw, mei de opkomst fan de roman, hurd yn it neigean rekke. Dat is op himsels al unyk.
Wa’t fan dizze bondel genietsje wol, krijt fan my hjirby trije advizen mei. Lês de bondel fan it begjin ôf oant de ein. Dan earst krijst de grutte line te pakken en krijst ek each foar de spanningsopbou fan it gehiel.… Lês fierder
Fideobesprek ‘Wite Mûle, Swarte Molke’ fan Elmar Kuiper
Geart Tigchelaar besprekt de nijste bondel fan Elmar Kuiper Wite Mûle, Swarte Molke.
https://www.youtube.com/watch?v=NH9-zRIoWFE… Lês fierder