Anne Feddema

Troch eagen út El Fayoum besjoen

logo.ensafh

Paula Modersohn-Becker yn Museum Belvédère

 

PMB 001
Selsportret
Oaljeferve op karton
28,2 x 23 sm (sa. 1898)
Kolleksje Kunsthalle Bremen

Jo moatte net freegje wat in goed skilderij foar jo dwaan kin, mar jo moatte freegje wat jo foar in goed skilderij dwaan kinne. Dat kin eins mar ien ding wêze… goed sjen! In oar antwurd bestiet gewoanwei net. En dan wol in bytsje langer as de ‘trochsneed’ njoggen sekonden, dy’t besikers fan ferskate musea oer it generaal tsjintwurdich troch skine te bringen foar in keunstwurk, sa as in wittenskiplik ûndersyk okkerdeis foar it ljocht brocht. De eagen moatte kontakt ta stân bringe tusken skilderij en hert en harsens (jins hiele wêzen).… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Ik fyn it prachtich om ûnderweis te wêzen.’ Tsead Bruinja oer ‘Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers’

logo.ensafh

Tsead Bruinja is berne yn Rinsumageast yn 1974. Hy wennet no mei syn frou Saskia yn Amsterdam. Yn 2000 ferskynde syn earste Frysktalige bondel De wizers yn it read. Yn totaal binne der no tsien dichtbondels fan him útjûn en hy wie ien fan de gearstallers fan de blomlêzings Dream yn blauwe reinjas, Kutgedichten, Klotegedichten en Het eerste wonder – gedichten over geboorte. Op 22 april is syn lêste bondel Stofsûgersjongers útkaam by de Afûk. De bondel befettet in cd fan saksofoaniste Femke IJlstra en yllustraasjes fan byldzjend keunstneres Mirka Farabegoli. Nei oanlieding dêrfan ha we dit fraachpetear yn it kafee fan in Kringloopwinkel yn Swol, in moai plakje.Lês fierder

Beart Oosterhaven

‘Biltsikana’ op syn boppeste bêst

logo.ensafh

Jan de Vries fan Aldebiltsyl/Ouwe-Syl kin njonkelytsen wol in feteraan yn ’e Fryske popmuzyk neamd wurde. Yn 1996 makke er mei ‘syn’ noch altyd besteande band The Feetwarmers al it album Cold Feet. Op dy skiif sjongt er, spilet er gitaar, akkordeon, dobro en mûlharmoanika, en hat er as komponist de hân yn acht fan ’e fyftjin nûmers. De Vries achte him altyd mear muzikant as makker fan (Ingelske) lietteksten. Mei syn op 17 maart lêstlyn ferskynde Biltsktalige solo-cd Sieleroersels hat er him yn ien klap as in treflik liettekstskriuwer op ’e kaart set.

Biltsk
Dy cd telt nammentlik mar leafst 11 folslein eigen nûmers fan Jan de Vries.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

“It libben is foar my in grut mystearje”. Sipke de Schiffart oer “Wat it is om bang te wêzen.”

logo.ensafh

Sipke de Schiffart is berne yn 1959 yn Longerhou. Ein ferline jier kaam syn debút Wat it is om bang te wêzen út, in bondel mei tsien ferhalen. Sipke hat twa kear de Rely Jorritsmapriis wûn, foar de ferhalen ‘Toe Sippy ju!’ (yn 2006) en ‘Leafde nei de dea’ (yn 2010). Dizze ferhalen stean ek beide yn it boek. Hy skriuwt ek gedichten en publisearret yn Ensafh en de Moanne. Njonken it skriuwen hâldt Sipke him mei skilderjen dwaande.

SCHIFFART PORTRET - Sabine Trines

Portret Sabine Trines

Wat is dyn achtergrûn?
‘Ik bin opgroeid op in pleats yn Longerhou yn in Nederlânsk-Herfoarme gesin. Ik ha yn it begjin in frij normale, rêstige en lokkige jeugd hân.… Lês fierder

André Looijenga

Vrieslân wûnderlân

logo.ensafh

Op it toaniel in mânselhege fûgelkoai. Dêryn hinget, yn ûnderjurk en hiernetsje, it tormintearre stal fan in meager manspersoan. Wannear’t it publyk syn plak fûn hat yn it teatersealtsje, komt er ta libben, langliddich dûnsjend om in foarwrâldsk model mikrofoan. In drag queen op jierren en op syn/har retoer, fertelt er yn fragminten syn libbensferhaal. Yn in wûndere gearmjuks fan Wâldfrysk en nichterich Amerikaansk. It iene nei it oare wrâldferneamde diva-liet wurdt ûnneifolchber nei skeakele: Dietrich, Piaf, Monroe, Douwstra. De tirade fan de diva dy’t weromkaam yn it homofobe heitelân einiget yn in kranksinnige muzikale draaikolk, in songen miks dy’t dy tagelyk ta laitsjen en ta triennen twingt.… Lês fierder

Piter Boersma

In Memoriam Tsjêbbe Hettinga (15-01-1949 – 07-03-2013)

logo.ensafh

Op tongersdei 7 maart is Tsjêbbe Hettinga ferstoarn. Hy is mar fjouwerensechstich jier wurden. Ferline simmer wie er wurch. Djip yn ’e hjerst kaam derút dat er kanker hie en no is er der al net mear. It kin hurd gean.
Mei him is in reus ûnder ’e Fryske dichters stoarn.
Ik moat Tsjêbbe foar it earst sjoen ha op in jierdeifeest fan Piter Yedema yn 1973, dy’t yn Wytmarsum wenne. Ik hie Piter krekt kennen leard. Mei Sybe Krol foarme ik doe de redaksje fan Hjir. Piter Yedema koe ik fan publikaasjes yn Trotwaer en Alternatyf, dêr’t er yn skreau ûnder de namme Witte de Vries.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 83: taalnoarmen, literêre ekspresje, en taaldreamen

logo.ensafh

Oe nee, ik soe nea ‘noait’ skriuwe. Ik griis ek fan ‘nergens’ yn skreaun Frysk, en fan ‘yts’, sûnt ik ûntduts dat der ‘(n)earne’, ‘(n)eat’ en ‘(n)ea’ binne. Mar tefolle ‘(n)immen’ heart dan wer as geefmakke Hollânsk: ‘ien’ en ‘gjin ien’ binne as pronomina folle Frysker ommers. ‘Gebeure?’, nee: ‘barre’. En ja, ik bin sa’n ien dy’t stoef ‘hja’ skriuwe wol, ek al seit njonkenlytsen eltsenien ‘sy’ of ‘sij’ (iksels allyksa). Ien dy’t tsjin de wyn fan ’e taalferoaring yn ‘hokker’ sizze woe (mar dochs net altyd docht), en tagelyk ‘wannear’ mar net ynruilet foar ‘hoenear’. Salang’t minsken de ‘-sk’ mar net fuortlitte yn ‘minsk(e)’ en ‘Nederlânsk’, want dan is wier de ein fan it Frysk yn sicht!Lês fierder