Beart Oosterhaven

It skolp’rige wiet

logo.ensafh

Om it jier 2000 hinne wiene der twa bands yn Fryslân dy’t de toan oanjoegen: De Kast en Reboelje. Earstneamde, foaral Hollânsktalige, groep hat bestien fan 1992 oant 2004 en is sûnt ein 2006 fannijs warber yn har meast suksesfolle besetting, nammentlik dy mei Syb van der Ploeg as sjonger-frontman en mei Nico Outhuijse as drummer. It folslein Frysktalige Reboelje fierde triomfen tusken 1987 en 2003.
Dizze hjerst ferskynde lang om let it earste alhielendal Frysktalige album fan De Kast: Dreamflecht yn de tiid. Fan ’e eardere grutte man fan Reboelje, sjonger-toetsenist Marius de Boer, kaam, ûnder de flagge fan Mariusz & de Muzikanten, de cd De nacht wachtetút.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Dassehumor yn in geef en sêft printeboek

logo.ensafh

Knipperke, it berneboekewykgeskink fan ’t jier, kin net oars as in grut súkses wurde. It printeboek fan skriuwster Lida Dykstra en yllustrator Natascha Stenvert is werklik in plaatsje. Dykstra hat lyktidich in Nederlânske oersetting makke ûnder de titel Dutje dy’t earder fan ’t jier al ferskynd is. Lida Dykstra is fansels bekend as berneboekeskriuwster, mar Natascha Stenvert is yn en bûten Nederlân ek in grutte namme op it gebiet fan yllustraasjes. Stenvert yllustrearret njonken berneboeken ek printeboeken foar folwoeksenen. Bysûnder is dat se ek alris in boek sûnder tekst makke hat. Yn Knipperke hawwe de yllustraasjes in grut oandiel yn it boek.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

‘Troch in efterdoar’ – Elske Kampen, winneres Fedde Schurerprizen 2012

logo.ensafh

Elske Kampen (Burdaard, 1955) hat op 12 oktober ll. de Fedde Schurersjuerypriis en de Fedde Schurerpublykspriis krigen foar har dichtbondel Fan glês it brekken (2010). Sa’t it no liket wie dat de lêste kear dat de Fedde Schurerpriis útrikt waard, fanwege de besunigings troch de provinsje op de literêre prizen. Elske is opgroeid yn Burgum, hat de Pedagogyske Akademy yn Drachten dien en letter noch de learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert. Net om les te jaan, mar om har dwaande te hâlden mei tekenjen en skilderjen. Nei har fyftichste begûn se mei dichtsjen. Se wûn yn 2008 de Rely Jorritsmapriis foar it fers Trije Dagen en it ferhaal De Opdracht en yn 2009 foar it fers Sy is, taal is altyd.Lês fierder

Andre Looijenga

Foaropwurd 77: net de slachrjemme, mar de oranjekoeke

logo.ensafh

Dit nije nûmer fan ensafh wol ik perfoarst net negatyf begjinne. It is se ommers slagge yn Grins, nei in jier lang krewearjen (dat guon aksjefierders djoere stúdzjefertraging koste hat): de universitêre stúdzje Frysk bliuwt behâlden! Alteast, der is jild fûn foar seis jier. Goffe Jensma en dy hawwe dêrta winliken de frisistyk op ’e nij útfine moatten, mei ‘meartaligens’ as it sintrale biedwurd en mei Ingelsktalich ûnderwiis. It hat in ûnmooglike poepetoer west, mar der is no wer mear takomst foar de akademyske bestudearring fan it Frysk.

Wat sa ôfgryslik frustrearret, is dat it hjir altiten sa’n poepetoer wêze moat, om dingen yn stân te hâlden dy’t ornaris as basisfoarsjennings jilde of dy’t yn elts gefal altyd ridlik liken te wurkjen.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (9): De yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis fan de provinsje Fryslân ‘Grinzen oer’ nimt de ferkearde wei

logo.ensafh

Grinzen oer?

De ‘Integrale beleidsnota cultuur, taal en onderwijs Provincie Fryslân’ hat as titel Grinzen oer meikrigen. Yn it foaropwurd stiet ûnder hokker flagge de nota stiet: ‘Onze hoofdstad Leeuwarden is in de race voor de titel Culturele Hoofdstad 2018. Die kandidatuur ondersteunen wij met de volle 100 procent. Bijvoorbeeld met onze plannen voor de komende jaren. De lêste sin fan it foaropwurd giet sa: ‘Fryslân heeft deze rijkdom. Een prachtbezit, dat we graag aan de buitenwereld willen laten zien.’ Mei ‘deze rijkdom’ wurdt it neikommende bedoeld: ‘Het Fries geeft kracht. Dat geldt ook voor de andere talen die in onze provincie worden gesproken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Froulju mei in ferline

logo.ensafh

Besprek Aggie van der Meer In moaie dei yn ’e hjerst / Wa rêdt Cesilia Tan

Aggie van der Meer (1927) hat by Elikser en Frysk en Frij twa novellen fan har yn ien bân útjûn. It binne op it earste each twa folslein ferskillende ferhalen, sa’t ek Doeke Sijens skriuwt yn ’e LC. Lykwols sinjalearret Jelle van der Meulen dochs oerienkomsten. Yn beide is de haadpersoan in frou en einiget it net posityf. Se binne tekene troch it libben en wat oaren foar ynfloed op harren hân hawwe. Mar de grutste oerienkomst is de typyske styl fan Van der Meer dêr’t de ferhalen yn optekene binne.
Lês fierder
André Looijenga

Foaropwurd 76: talen by it soad, mar gjin lêzers

logo.ensafh

Yn it bûtenlân mei ik graach wat omsneupe yn boekhannels. De sfear en de nuânseferskillen priuwe mei winkels by ús, en op ’e strún wêze nei bliuwende sûvenirs. Doe’t ik de ôfrûne twa wiken yn Marokko wie, haw ik fansels nei boekwinkels sjoen. It rint dêr bot útien. Yn Tanger wie Librairie des Colonnes in oäse fan lústerjende Francophonie middenmank de plakkerige hektyk. Rêst, yntellektuëlens en literatuer, mar ek de boekeprizen op Europeesk nivo.

Mear typysk foar Marokko wiene de winkels dêr’t ik yn Oujda en Rabat yn west haw. In keale kantoarboekhannel mei wat skoalboeken en fral tafels fol religieuze lektuer.… Lês fierder