Geart Tigchelaar

Moaie bak

logo.ensafh

Besprek Bak fan Sietse de Vries

De hollen fan de minsken rûzje noch nei fan alle ferkiezings wannear’t yn it begjin fan Bak, kadoboek skreaun troch Sietse de Vries, in jonge VVD’er fermoarde wurdt. Samson en Rutte hawwe krekt praat oer harren oparbeidzjen wannear’t De Vries meardere politisy opfierd yn syn boek. De haadpersoan, Sjerp Bak, kriget sels in relaasje mei in CDA’er, Geke Jensma.
Sjerp Bak is in wat sleauwe fyftiger dy’t al mear as tweintich jier op de stedsredaksje wurket en suver ien wurden is mei it meubilêr. Dat makket him ta in soarte fan ikoan, mar wurdt him lykwols ek wolris ferwiten troch dizze of jinge.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (8): Mei de Moanne fan it Fryske boek fan ’e rein yn ’e drip

logo.ensafh

Mear as trije jier lyn is it al wer dat it neffens de provinsje dien wêze moast mei de Stichting It Fryske Boek. It Fryske Boek organisearre de Fryske Boekewiken (oan ’e ein fan ’e winter) en de ferneamde Sutelaksje (yn ’e hjerst). It mei wier wêze dat de Stichting It Fryske Boek de swung wat út wie, feit bliuwt dat no goed trije jier letter konstatearre wurde kin dat de provinsje wat al te hastich de stekker der út lutsen hat en de net al te gelokkige kar makke hat om It Fryske Boek oer te heveljen en opgean te litten yn Tresoar.… Lês fierder

André Looijenga

Foaropwurd 73

logo.ensafh

Nije einredakteur digy

Fjirtich nûmers fan ús literêre ynternettydskrift ensafh.nl hat Geart Tigchelaar einredakteur west. Twa jier lang hat er, útsein de simmerskoften, alle twa wiken in foaropwurd skreaun. Fjirtich foaropwurden mei-inoar, dy’t har troch de tiid ûntjûn hawwe fan ynhâldsoersjoggen ta lytse persoanlike finjetten oer de skriuwerij. Suver wat skruten klonk ús Geart noch yn syn earste foaropwurd, no krekt twa jier lyn. Gau woeks er yn de rol fan foaropwurdskriuwer, mei sfearsketsen fan de wille fan it lêzen en it skriuwen, nei wat winliken koarte kollums waarden op Fryslâns literêre libben. Mar ja, lêze jo foaropwurden eins wol, frege er terjochte ôf.… Lês fierder

Sigrid Kingma

Dit is it gedicht dat poëzij net maklik makket

logo.ensafh

De namme Elske Kampen kaam ik yn 2006 foar it earst tsjin yn de dichtbondel foar de foardraachkriich FeRstival. Ien dy’t in fers fan Kampen útkeas, waard fuort as grutte konkurrint besjoen. Oan sa’n namme hong in kaartsje, lykas oan Tiny Mulder. De gedichten lizze goed yn it gehoar en slute oan by de libbenswrâld fan jongerein. Oant no ta binne njoggen fan har gedichten foar it FeRstival brûkt en dêrfan steane twa yn de nij ferskynde bondel Dit is it gedicht/Dit is het gedicht. In twatalige bondel, dêr’t ek fiif fan har earder ferskynde Nederlânsktalige gedichten op ’e nij in plakje yn krigen ha.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ferdinand de Jong: ‘We moatte grutsk op it Frysk wêze!’

logo.ensafh

Ferdinand de Jong (1969) is berne yn Oranjewâld en wennet no mei frou en twa dochters yn Boarnburgum. Hy hat de Middelbere Lânbouskoalle dien en wurket as zzp-er. Yn 2010 skreau er de spionaazjeroman Guozzeflecht. Yn 2011 ferskynde de roman It dak fan de wrâld en dit jier krige er dêr de Rink van der Velde-priis foar. Yn de maityd fan dit jier ferskynde de plysjeroman De lêste trúk.


Wêr giet De lêste trúk oer en hoe is it boek ta stân kaam?
Ferdinand: ‘It boek giet oer resjersjeur Evert Jaarsma, dy’t de hannen fol hat oan syn plysjewurk.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 72

logo.ensafh

De hite simmer

It waar wol mar net waarmer wurde, wy hawwe sels in kear de kachel oan hân. It wie fierstente mâl, mar wienen ek net fan doel om te ferklomjen. Dan de kachel mar oan.
As it waar dan net meihelpe wol, moatte wy ús mar waarmje oan ’e soele klanken fan ’e poëzij en proaza. De tablet mei yn ’e bus mei de hannen dy’t plakke op switterige leuningen, sa’t Jetze de Vries dichtet.
Drank kin de dichtieren iepenje, it binnenste in gloede jaan dêr’t men de hiele nacht profyt fan hat, mar ek de kontakten fersoepelje. Fan dat lêste dogge Hedwig Terpstra en Pier Boorsma ferslach.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Mear roman as misdied

logo.ensafh

It nijste boek fan de ‘nije Fryske folksskriuwer’, sa’t Ferdinand de Jong troch syn útjouwerij delset wurdt, hat ‘misdiedroman’ meikrigen as oantsjutting op it omslach. No wie der yn de eardere boeken Guozzeflecht en It Dak fan de Wrâld ek al it ien en oar te rêden op it kriminele flak, mar yn De Lêste Trúk gean we werklik op ’en paad mei in resjersjeur fan de polysje. Dizze Evert Jaarsma is resjersjeur moardsaken wurden, nei’t er trije jier tebek syn frou en harren ûnberne bern ferlern hat by in slim ûngemak, in ferlies dat him noch hieltyd swier op it hert leit en in fertriet dat it bêst te bestriden is mei alkohol en jin fêstbite yn it wurk.… Lês fierder