Hedwig Terpstra

Petear mei Pier Boorsma

logo.ensafh

Pier Boorsma (Snits, 1944) studearre filosofy oan de universiteit fan Amsterdam. Yn 1969 rjochte er mei Pieter de Groot en Johan Frieswyk it kwartaalblêd Sonde op. Yn 1989 ferhuze er nei Grins en studearre dêr Frysk oan de RUG. Pier wie ien fan de gearstallers fan de twatalige blomlêzing Spegel fan de Fryske poëzij (1994, twadde ferzje 2008). Hy hat resinsint west foar it Frysk deiblêd. Hy skreau trije dichtbondels: De neidagen fan in keamerhear (1972), Under frjemde wetten (1978) en Net allinne genôch (2005). Hy wûn fiif kear de Rely Jorritsmapriis foar gedichten. Yn 2010 stelde er de brosjuere Kulturele autonomy yn Fryslân gear, in oersetting fan teksten fan Maarten Mourik en Will Kymlicka.Lês fierder

Josse de Haan

Leafdeleaze biografy oer Jopie Huisman

logo.ensafh

Ta gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan it Jopie Huisman Museum waard yn 2011 in (alternative) jubileumeksposysje hâlden yn Warkum (april – novimber). De eksposysje hie de namme De andere kant, meidat in soad (‘twaddehâns’) wurk op de útstalling hong dat net yn it offisjele museum oanwêzich is. De katalogus by de eksposysje, dy’t tagelyk in soarte fan biografy foarstelle moat is skreaun troch Albert van Keimpema (156 siden oblong, útjûn troch de Stichting Jubileumexpositie JH.). Van Keimpema is gjin keunsthistoarikus, hâldt him net dwaande mei keunst, en hat net earder kritysk of oar wurk oer keunst levere. It taalgebrûk – Nederlânsk – is breklik, de styl hat wat fan it wenstige geswets fan sportferslachjouwers.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 71

logo.ensafh

Op it bloch fan de Rink van der Velde-priiswinder stelt de auteur út om mei Omrop Fryslân op te arbeidzjen om Fryske literatuer (wer) oan ’e man te bringen. Dat is in moai idee dêr’t er foaral fierder mei dwaande moat. Dêr’t it my lykwols om giet, is syn opmerking oer ‘De útwedstriid’, in soarte fan fúljeton dy’t er op syn bloch setten hat: ‘De útwedstriid is in hobby-projekt dêr’t ik finansjeel net wizer fan wurde sil.’
De achterflap fan syn nije boek seit dat er de nije Fryske folksskriuwer is. En Rink van der Velde wie yn syn tiid folksskriuwer pur sang fan Fryslân.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Margryt Poortstra

logo.ensafh

Margryt Poortstra (Harns, 1953) hat al tolve proazatitels op har namme stean, wêrûnder Kâldfjoer (2002), Suster (2004) en Minskebern (2008). Kofje ferkeard (2011) is har lêste boek, in ferhalebondel. Se hat ek berneboeken, poëzij, twa musicals en fjouwer oratoaria skreaun. Se krige ferskate kearen de Rely Jorritsmapriis en yn 1989 de Afûk jubileumpriis foar it manuskript Tolve huzen op it dak. Margryt siket har ûnderwerpen tichtby, yn de omgong tusken minsken, yn de relaasje tusken man en frou en tusken âlden en bern. Froulju binne faak sintrale figueren yn har wurk. Se wennet mei har man yn Seewolde, Flevolân.

Hoe bist hjir yn de polder terjochte kaam en hoe foldocht it dy hjir?Lês fierder

Beart Oosterhaven

Prima teksten, en meastal de goede toan

logo.ensafh

It moaie fan platesaak King Kong Records te Ljouwert (Foarstreek 11), is dat yn ’e euro-bakken by de yngong ek geregeldwei, as lokkerkes, de moaiste lp’s (want dy binne al wer in skoft hartstikke hip!) en cd’s te finen binne. Sa trof ik dêr okkerdeis de noch mar krektlyn ferskynde cd Wytfear fan Grytsje Kingma út Sint Jânsgea yn oan.
Wytfear is de opfolger fan Kingma har debút-cd Wjerlûd út 2010. Lietteksten fan dy twa skiven steane behalve yn ’e kreas fersoarge cd-boekjes ek yn har bondel Tûzen dagen, dy’t yn oktober 2011 útkommen is.

Teksten
Op ’e cd Wytfear binne 14 nûmers te hearren.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd 70

logo.ensafh

Der is in soad ferweech op ynternet en de sosjale media. It giet flugger as fluch, en as men juster net Twitter tsjekt hat, rint men al wer twa dagen efter de feiten. It is tsjak-tsjak en koart-koart. Gjin tiid foar lange blabla-ferhalen mear. Wat koarter wat better.
Dêrom komt no ek Ensafh mei in eksperimint. De romrofte skriuwe Anne Feddema stelt in ferhaal oan ús beskikber dat wy op ús Facebook-side sette. Alle wiken in koart stikje, in nijmoadrige fúljeton.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (7): Omtinken foar Harmen Sytstra, in Frysk ikoan by útstek

logo.ensafh

Wy hawwe net safolle mei it betinken fan ús (grutte) foargongers. Wy ferjitte se. It omgean mei har is in behyplike saak. Faaks is dat wol net goed. Wy gean sloarderich om mei de de helden út it ferline, mei grutte foargongers, mei wat Fryske ikoanen wêze moatte soene en dat betsjut faaks dat wy sloarderich mei ús sels omgean.
Ik bedoel net dat wy ek helden binne, ikoanen. As Jacco de Boer fan de bidboekgroep fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 stelt dat Doutzen Kroes in Frysk ikoan wêze soe, dan is de ûnderlizzende gedachte fan de bidboekers dat se it sels binne, yn alle gefallen wêze wolle.… Lês fierder