Josse de Haan

Eppie Dam syn oersetting fan trettjin fragminten fan Tempel en Kruis

logo.ensafh

Fragminten út Tempel en Kruis fan Marsman – skildere troch R.R.R. van der Leest, oerset troch Eppie Dam foar de Moanne fan it Fryske Boek yn 2011.


Jan Jacob Slauerhoff, Hendrik Marsman en Gerrit Achterberg ûntduts ik op myn santjinde op de Rykskweek yn Ljouwert. Oer Achterberg haw ik in skripsje skreaun foar de haadakte (’62) en oer Tempel en Kruis fan Marsman haw ik by myn stúdzje Middelber Nederlânsk (’78) essays skreaun.
De fitalist Hendrik Marsman hat yn 1939 de bondel Tempel en Kruis publisearre, in prachtige fitalistyske (ekspresjonistyske) bondel oer heidenske, humanistyske en kristlike libbenspaden fan juster en hjoed – oer it Apollinyske en it Dionysyske aspekt yn minsken.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Der wenne in mantsje yn Fryslân dy’t o sa hâlde fan dat lân en benammen fan dy syn kultuer, histoarje en taal. Lykwols waard der troch minsken fakentiids nuver nei harke as er fertelde dat dat syn hobby wie en dat er dêr ek graach syn profesje fan meitsje wolle soe. Dat raasde oan ’e protters, wiene dy minsken fan betinken en soe grif net slagje.

Mar it mantsje wie dwers as kramtied en sette troch mei syn pielerijen. Mar de minsken krigen gelyk. De jildkranen waarden manmachtich tichtdraaid. Alles kaam stil te sitten, it mantsje kaam thús te sitten en koe it allegearre allinnich mar troch syn ruten wei oansjen en folgje.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Ate Grijpstra: ‘It beest fan de Westereen’

logo.ensafh

Ate Grijpstra is op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, hat in pear jier yn Koatstertille wenne en is op syn sânde nei De Westereen ferhuze. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en jout les op It Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Mei frou Bertina en harren trije bern wennet er no yn Bûtenpost. Yn 2006 debutearre er mei in koart ferhaal yn Hjir. Yn april 2008 kaam syn jeugdferhaleboek, ‘Heftich’, út, dat him de Bongelboekepriis fan de NHL oplevere. Yn 2010 folgen de berneboeken ‘Rinze hat de hik’ en ‘Tsjang tsjin tiid’. Yn septimber ferline jier kaam ‘It beest fan de Westereen’ út by de Afûk.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ik krij wol gauris de fraach oft ik net fierder wolle soe mei de skriuwerij. Fansels wol ik fierder mei de skriuwerij. Haw in idee foar in histoaryske roman en soe stommegraach te set wolle mei in dichtbondel. Fierders skriuw ’k graach alderhanne stikken. Boppedat haw ik de eare en it fernoegen om sa út en troch ris op te treden, wat ek al sok gouden wurk is. Dan sis ik ek tsjin ’e minsken dat ik der fierder mei gean, want de ideeën en mooglikheden lizze der wol.

De folgjende fraach is dan as ik dêr werklik mei rûnkomme kinne soe.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (6): De Rink van der Velde-priis 2012 en PR

logo.ensafh

Op woansdei 15 febrewaris is de winner fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis 2012 bekend makke en de priis útrikt.
Op freed 10 febrewaris waard wrâldkundich  hokker boeken troch de sjuery foar de priis nominearre wiene:

‘De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:

Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd’

De bekendmakking fan it priiswinnende boek en de útrikkking fan de priis oan de skriuwer wie neat mis mei.… Lês fierder

Josse de Haan

Langhierrich wurkskou túch kontra It skouwe koarthierrige ark

logo.ensafh

Op 6 novimber 2010 hâlde HIPPO – ea in jongerensintrum yn Ljouwert (1974-1982) – in reüny. It omfette it tiidrek 1965 oant 1982, in perioade dat der yn Ljouwert heel wat groepen aktyf wiene. Ek de ‘foarâlden’ fan Hippo – Provadya?, Axies, Kloppend Hart, Pow Wow, Kaktus en bygelyks Swatte Jat – hiene út soarte in wichtich lûd. Ut it iene ûntstie it oare.

Dizze reüny wie in gefolch fan it inisjatyf fan it HCL (Historisch Centrum Leeuwarden), dat in útstalling makke oer ‘Jongeren in de Friese hoofdstad tijdens de jaren ’60 en ‘70’. Tagelyk ferskynde it fotoboek Langharig Leeuwarden (Friese jongerencultuur in de jaren ’60 en ’70).… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Greet Andringa: ‘Ikarusblau’

logo.ensafh

Greet Andringa is berne op 16 july 1971 yn Reduzum. Nei har stúdzje genêskunde is se oan de slach gongen as ferslavingsdokter yn Ljouwert. Al gau bliek se it ark te missen om op in goede manier omtinken te jaan oan de emosjonele en sinjouwingskant fan de problemen fan har pasjinten. Dat wie foar har de reden om ek de stúdzje humanistyk te folgjen. Ferline jier oktober is se in eigen bedriuw begûn: Finsters, zin in je leven, wêrby’t se oan hûs praatterapy biedt en dwaande is mei oare projekten dy’t sinjouwing en humanisearring fan de maatskippij befoarderje. Har skriuwerij rekkenet se dêr ek ûnder.Lês fierder