Geart Tigchelaar

Stereotype simmer

logo.ensafh

Besprek Simmer oan ’e Pikmar fan Sjieuwe Borger

Nei It ferrin fan de tiid (2005) en Genesis abbekatekantoar (2008) is ferline jier Simmer oan ’e Pikmar fan de skriuwer Sjieuwe Borger ferskynd. De achterflap fan it boek ûnthjit ús in daverjend ferhaal fol mei (relaasje)spanning, turbulint nachtlibben en al sa mear. ‘Want it giet der om wei, dêr oan ’e Pikmar,’ sa is de lêste sin fan de achterflap. It is spitich om fuort al sizze te moatten dat dat allegearre wat tafalt. It boek stiicht net ta oerflakkichheden en stereotypen út.

Sybren Brouwer hat ferkearing mei Matilda, mar dat giet de lêste tiid net sa goed.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Literêre aktiviteiten fan ’e ôfrûne fjirtjin dagen: (net yn gronologyske folchoarder)

1. Mei goekunde nei Literaire Avond II west yn Ljouwert.
2. Nustje boeken ferkocht, wêrfoar tank oan de keapers/lêzers.
3. Berneferhaaltsje oanheard op de nijjiersbuorrel fan de Afûk.
4. Optreden en taharke op de Grutte Gedichtejûn fan Ensafh. Grutte opkomst, grut súkses!
5. Pear Ensafh-shirts oan ’e man brocht.
6. Literêr Sirkwy yn Sint Jabik organisearre en meimakke.
7. Nije digy opsteld.
8. Foaropwurd dêrfoar skreaun.
9. Teksten neisjoen.
10. Boekbesprek skreaun, of better, ôfmakke.
11. Hûnderten mails besjoen en guon beäntwurde oangeande redaksjesaken.
12. Ien of twa heale gedichten skreaun.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Geart Tigchelaar: nije ferhalebondel ‘Lúshâlding’.

logo.ensafh

Geart Tigchelaar (1987) is berne yn Damwâld en wennet no mei syn freondinne yn Burgum. Yn novimber is syn ferhalebondel ‘Lúshâlding’ ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Earder skreau er mei Dirk Jan Muntendam it boek ‘De kweeste fan Ridder Pieter’. Hy hat Frysk studearre oan de universiteit fan Grins, drumt by de metalband Kramtried en is no ûnder oare einredakteur fan de ensafh-digi.

Lúshâlding’ is in bondel ferhalen oer in luzehúshâlding. De wrâld wurdt besjoen fanút it perspektyf fan de luzen. Hoe bist op it idee kaam?
Geart: ‘Ik hie earder alris in ferhaal skreaun oer ‘echte’ minsken, mar it kaam nei in pear dagen wat keunstmjittich en forsearre op my oer.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Tiid foar wittenskiplik ûndersyk nei Frysktalige lichte muzyk

logo.ensafh

Op ’e sechsde ynternasjonale streektaalkonferinsje fan ’e Stichting Nederlandse Dialecten (23 septimber 2011 yn Heerde), haw ik yn in lêzing sein, dat de Frysktalige muzyk hjoed de dei ‘draait as in tierelier’. Dat hat wolris oars west! Yn ’e neamde lêzing haw ik ek oanjûn, dat it Frysktalige liet yn ’e 18de en yn ’e earste helte fan ’e 19de ieu frijwat yn ’e ‘nederklits’ siet. Sels by de boarterslietsjes fan ’e bern sloech it Hollânsk doe foar master op!

Nei in oanrin fan goed 20 jier, hat de Frysktalige lichte muzyk sûnt it begjin fan ’e njoggentiger jierren fan ’e 20ste ieu in geweldige flecht nommen.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it nije jier altyd wer nije foarnimmens dy’t no al wer yn ’e kast setten binne. Blue Monday hat al west, al sizze guon dat it oankommende moandei pas is. Hoe dan ek, wy binne wer begûn mei smoken, drinken, noch net in eintsje te sporten west en gean sa mar troch. En wat nukt it allegearre ek? As ien foarnimmen mar neilibbe wurdt, der moat libbe wurde! En der wurdt wat libbe troch de literatuer. En it libben wurdt beskreaun yn ’e literatuer. Mei oare wurden, lêze is libje. Moai dat Ensafh yn dat earste libbensferlet foarsjocht. Dit nije jier wer sân papieren en tweintich digitale edysjes.Lês fierder

Cornelis van der Wal

Besprek Langst fan ’e dagen, Janneke Spoelstra

logo.ensafh

No, sjoch ris oan: einlings ris in moaie boektitel! Dêr ûntbrekt it gauris oan yn de Fryske literatuer. Ik neam in pear resinte foarbylden: It ferline oerwûn, It spoar bjuster, It kin wier wêze, Frij as de wyn, Sibbeltsje, De ein fan ’e dyk en gean sa mar troch.

No is der lykwols Langst fan ’e dagen, de twadde dichtbondel fan Janneke Spoelstra, dy’t, neist har poëzijdebút Goeie is it wachtwurd ek de moaie ferhalebondel In Jikselibben it ljocht sjen liet. Ut de titel sprekt weemoed nei de simmers fan alear, sa stel ik my foar.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint Kofje ferkeard fan Margryt Poortstra

logo.ensafh

De nije ferhalebondel fan Margryt Poortstra hannelet oer minsken dêr’t mear mei oan ’e hân is as op it earste gesicht liket. Der binne ferhalen by, lykas it earste (‘De hichte’), dy’t suver ekstreem binne. Mar krekt it moaie is dat se wol oannimlik binne.
Men falt yn alle ferhalen der middenyn en sadwaande hat men wol in pear alinea’s nedich om te begripen wêr’t it ferhaal oer giet. Mar as men dat sa’n bytsje foar it snotsje hat, wol men trochlêze omdat der al gau ferskate fraachtekens te pleatsen binne. Wat is hjir no krekt oan ’e hân. Wat wol no de frou dy’t har as suster útjout fan de ik-persoan yn it ferhaal ‘De suster’?… Lês fierder