Geart Tigchelaar

Fragmint besprek Rêdbâd

logo.ensafh

Mei Rêdbâd – Kronyk fan in kening hat Willem Schoorstra syn ‘magnum opus’ skreaun. De skriuwer dy’t yn Ternaard wennet, debutearre mei in dichtbondel Ynwijing (2001). Twa romans, Swarte Ingels (2004) en De Ofrekken (2007), en in ferhalebondel, Berjochten út Babel (2002) letter is Schoorstra no kommen mei in mânske histoaryske roman dêr’t de romrofte lêste Fryske kening it haadpersonaazje fan is.


De earste sin fan it boek is masterlik: ‘Ravens roppe in nije dei yn it ljocht; har skrille gjalpen kleauwe de slomme.’ Foarst is de sin skreaun yn prachtige poëtyske taal dêr’t âlde tiden yn spegelje troch de wurdkar mei ‘kleauwe de slomme’.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Cornelis van der Wal wol hawwe dat ik him ris flink yn ’e bek hingje. Der moat wer wat mear deilis komme yn ’e no brave Fryske literatuer. Mar dan moat it ek net sa ferrekte maklik wêze om der tusken te kommen. De redaksje fan ensafh hie steefêst út elitêre literêre oerwagings myn poëzij wegerje moatten en my alhiel net yn de redaksje freegje moatten. Faaks hie ik dan wat opstanniger wurden en lange polemiken skreaun yn in eigen oprjochte tydskrift. Mar ik sit hjir no in jier yn de redaksje en haw it altyd noch poerbêst nei myn sin.… Lês fierder

André Looijenga

Sinjalemint: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen

logo.ensafh

Fryslân suchtet ûnder it jok fan de AllerFerskuorrendst Ûnbidige Kening (Afûk), dy’t ien taalstandert foar it Frysk ynfiere en alle ôfwikende steds- en streektalen útrûgje wol. De grutste fersetshurd is de Grinzer Ridderoarder. Dy is lykwols syn foaroanman, ridder Pieter fan Skingen, kwytrekke om’t er foar âld fersliten wurdt. It haad fan ’e Grinzers, greve Goffe, stjoert syn ridders deropút en fyn ridder Pieter werom, om mei-inoar Fryslân fan ’e Afûk te befrijen. In ynternasjonale koälysje fan frisiasten ferslacht úteinlik de tsjoede kening, en bringt sa it dialektysk ferskaat yn Fryslân werom.

Pieter Breuker, Frysk taalkundige, naam yn it akademysk jier 2009/2010 ôfskie as universitêr dosint yn Grins.… Lês fierder

Piter Boersma

Sinjalemint: Josse de Haan yn it Nederlânsk

logo.ensafh

Fan Josse de Haan is in Nederlânsktalich bondeltsje útkommen mei de titel Rode bus in magisch landschap. It mei twa nytsjes op ’e rêch ienfâldich útjûne boekje stiet in syklus fan tolve titelleaze gedichten yn oer de fassinaasje fan de dichter foar it yn syn jeugd noch besteande fenomeen fan buskonduktrise (yn dit gefal op de ferneamde reade LAB-bussen) of leaver sein in spesifyk eksimplaar dêrfan, konduktrise Anna: ‘de conductrice in het krapgegoten costuum / lacht mijn ogen en gedachten bloot / de machine in haar buik draait ticket H.0133’ (s. 3) en ‘als ANNA thuis kwam in haar huidgegoten BUSdress / een CAMEL tussen de busrood gestifte lippen / ….… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Cornelis van der Wal

logo.ensafh

‘By astrology giet it om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

‘Kristus Pavlov’ hjit de nijste bondel fan Cornelis van der Wal (1956) dy’t dizze moanne útkommen is. It is syn sechde dichtbondel. Mei syn earste dichtbondel ‘In nêst jonge magneten’ wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2008 skreau er de novelle ‘Kening Kees’. Hy is redakteur en webmaster fan Ensafh en hat twa jier lang literatuerbesprekken skreaun foar it Friesch Dagblad. Hy hat achttjin jier yn Grins wenne en wennet no sûnt twa jier yn de binnenstêd fan Snits.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Minsken, helje de sjampanje út ’e kast, want it is tiid foar in feestje. De digitale ensafh sjocht no Abraham! De fyftichste ôflevering al wer, en wat foar ien! Abraham krijt al in aardich búkje, sa fol sit er!
Op nei de hûndert!

Poëzij

In fers fan Sigrid Kingma mei as oanlieding de bondelpresintaasje fan Cornelis van der Wal yn Britswert.
De Rolling Stones spylje op de Montjuïc, neffens Anne Feddema.

Proaza

It koarte ferhaal is diskear fan Greet Andringa. Ik klap aanst ek de laptop ticht, mar gean der leau ik net út. Soe ik dat wol dwaan, dan soe de loft net fol stjerren stean.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Elmar Kuiper: ‘Ik wol graach wat meitsje dat bliuwt en de wrâld oergiet.’

logo.ensafh

Elmar Kuiper (1969) is dichter, filmmakker, byldzjend keunstner en psychiatrysk ferpleechkundige. Syn nijste Frysktalige dichtbondel ‘Granytglimkes’ is krekt ferskynd by útjouwerij Bornmeer. In goede reden om him op te sykjen yn Húns, dêr’t er wennet mei freondinne Saskia en harren fjouwer bern.

Wat kinst kwyt oer dyn nije bondel?
Elmar: ‘Mei dizze poëzy stean ik mear yn de wrâld. Foar it grutste part binne it emosjonele fersen en ik jou my dêryn frij bleat. Under it skriuwen boarre ik in âlde, djippe gefoelslaach oan en ik koe dy laach mei poëtyske taal nei de oerflakte helje. Dochs fielde ik my as in kat dy’t de neils skerpe.… Lês fierder