Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It moaie fan ynternet is datst der maklik samar fan alles en noch wat oan taheakje kinst. Komme wy der moarn achter dat der noch in lyts tikflaterke yn dizze ôflevering stiet, is dat samar ferholpen. Dat is mei in papieren útjefte net te dwaan. Der kin by stikken maklik in plaatsje of in linkje byset wurde. Soks wurdt hieltyd wichtiger en hieltyd mear dien, no ek folop mei de sosjale media as Facebook, Twitter, Hyves ensafh. Dêrom wol ik hjirre net achterbliuwe en link jimme troch nei ús Facebook: Klik hjirre.

Poëzij

Wer in gedicht fan Piter Boersma út syn rige ‘by it …’.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Moarn hawwe wy wer in gearkomste en it sil daaldersk moai waar wurde. Dan soe ik stom wêze en gean yn ’e auto of bus. Nee, dan moat ik mar moai op it fytske. De kop útwaaie en faaks ynspiraasje opdwaan. De tiid komt der wer oan om mear bûten te wêzen. Tenei kin de kachel útbliuwe, de ruten mear iepen en sa de natoer binnendoarren helje. Lit it sa in ynspirearjende en produktive maitiid en simmer wurde. Foar elkenien, fansels!
Noch efkes in fermeldinkje, de maitiid kin it bêste yn in ensafh-shirt hâlden wurde!

Poëzij

Piter Boersma hat wer in nij gedicht oanlevere yn syn rige ‘by it…’.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Alderbalder, dat wie tige slagge ôfrûne saterdei yn Poppodium Romein. Goede opkomst, goede dichters en goede muzyk. No, wat wol in minske noch mear? Wy, as organisaasje, binne oer alle boegen tefreden mei it alhiele ferrin.
Op de side stiet al it ferslach fan Hedwig Terpstra mei foar dejingen dy’t it misse moasten, in soarte fan ympresje. Ek foto’s en in filmke.
Takom jier wer…? Om de wurden fan Hedwig oan te heljen: “Dat sjogge we dan wol wer. Dit ensafheest is yn elk gefal tige slagge!”
Hjir earst mar wer in digitale ensafh.

Poëzij

Iksels kom mei it gedicht koalysje.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint

logo.ensafh

Reboelje yn Kollumerlân is de tredde roman fan Rommert Tjeerdsma. It dekôr is Kollum en omkriten oan it ein fan de 18e ieu. It boek hannelet oer de oanrin fan it Kollumer Oproer fan 1797 tusken oranjegesinden en patriotten. De haadpersoan, Eabele Keuning, is in patriot en dat moat er úteinlik ûntjilde.
Eabele hat in fin mear as in bears yn ferlyk ta syn bruorren. Syn heit en mem wolle dêrom graach dat er studearje sil foar dûmny. Lykwols stjert syn heit en dan moat er it fak, skuonmakker, fan him oernimme om mei syn mem troch de tiid te kommen.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

foaropwurd

logo.ensafh

Wer in redaksjegearkomste hân en dêrby de kopij trochnommen sadat der wer in nij foarriedsje op de planken leit om de digi te foljen. Ek dizze kear koe it wer minder, al sis ik it sels.
En al ús lêzers witte no grif dat op 12 maart it saneamde ensafheest plakfine sil yn Poppodium Romein te Ljouwert. Noch mar efkes wat reklame, want dit is de lêste digi foar dat feest. De twa bands New Killer Stars en de Hûnekop fersoargje de muzikale noat. Fierders hawwe wy de dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Marten Winters en ‘It Skip De Lading’

logo.ensafh

‘Ik wol graach sjen litte wat de stêd fan himsels fynt.’

Op it twadde plein fan de âlde finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert leit it tweintich meter lange houten raamt fan it skip De Lading, it projekt fan de stedskeunstner Marten Winters (1969). Ik sykje him op by it skip dêr’t er ek syn kantoar hat.

Foto: Daniël van der Berg

Wat kinst fertelle oer it projekt’It Skip De Lading’?
Marten: ‘It wie de bedoeling dat ik as opfolger fan de stedsdichter ien kear yn de safolle tiid yn de stêd wat dwaan soe dat te krijen hat mei Ljouwert en myn fisy op de stêd.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wannear’t (moarns betiid) ik dit foaropwurd skriuw wurdt it al wer ljocht oan ’e himel. Wy geane de goede kant wer op wat it waar oanbelanget. Dat it nije wike de foarjiersfakânsje is, seit fansels ek wol wat. Noch efkes en de natoer komt wer op ’e nij ta bloei.
De literatuer bloeit altyd mar troch, ûngelikens hokfoar tiid fan ’t jier wy ek yn libje. Winters geane de edysjes fan sawol de papieren as de digitale ferzjes troch, mar ek simmers (útsein de simmerfakânsje). Skriuwers en dichters bliuwe blykber ek altyd dwaande, want fan harren moatte wy it as redaksje hawwe, fansels.… Lês fierder