Beart Oosterhaven

It wetter om ’e tosken

logo.ensafh

As dit artikel online stiet, hoopje ik dat sjonger-lietsjesskriuwer Marcel Smit fan Burgum hast wer yn ’e ‘Alde Fryske Tsjerken’ te sjen wêze sil foar it twadde part (o/m desimber 2020) fan syn Noch mear muzyk-poadiumtoer. Suver mear noch as oare útfierende artysten, hat Smit nammentlik lêst hân fan it feit, dat er, troch de sûnt maart fan dit jier opleine koroanamaatregels, in skoftlang net ‘by’ syn publyk komme koe!

Rige optredens

Marcel Smit hie op 31 jannewaris 2020, yn in folle tsjerke fan Baaium, in moanne foar it útbrekken fan ’e koroanakrisis, krekt syn jongste cd-album Noch mear muzyk presintearre.… Lês fierder

Piter Boersma

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 3, 2020

logo.ensafh

 

 

Redaksjoneel

Dit nûmer begjint mei in nogedicht fan Edwin de Groot:

gjin miste woartelstokken dêr’t noch in leat út omheechsjitte kin
of koppige pitsjes dy’t yn lytste holtsjes ôf sitte te wachtsjen
oant it klimaat in oar gesicht sjen lit

In nogedicht is ek dat fan Anne Heegstra:

Krieën gekjeie, krasse harren leafdeslieten.
Nijsgjirrigens docht harren swijen yn krunen
om’t oer it grint ienlik fjouwer minsken geane.

Mar der is wat dat oangiet mear. Wat Anne Feddema yn it gedicht ‘19717’ fertelt hat ynienen in konneksje mei no en it slagget Hein Jaap Hilarides om syn besprek fan de troch Lubbert Jan de Vries gearstalde bondel mei Amerikaanske outlaw- en beatpoëzij Eigentrieds ôf te sluten mei: ‘Mei it fers it sied wêze yn dizze tiden fan firus.… Lês fierder

Gerbrich de Jong

Leafde yn Ljouwert, mar net foar it Frysk

logo.ensafh

Yn de maitiid fan 2020 ferskynde de alderearste Fryske bouquetroman, in ‘collector’s item’. It boekje is skreaun troch “Fleur van Ingen”, dy’t in man fan middelbere leeftiid (1962) blykt te wêzen. Fleur van Ingen is de alderearste man dy’t it sjenre beoefenje mei foar de grutste útjouwerij fan Bouquetromans: Harlequin. Foar dizze Fryske edysje hat Fleur van Ingen “in superromantysk” ferhaal skreaun dat him yn Ljouwert ôfspilet. Dêrnei hat Martsje de Jong der in Fryske oersetting fan makke. In moai inisjatyf en ek fruchtber, want mei de ferkeap giet it goed. Hjir en dêr waarden fuort hiele doazen ferkocht. By Van der Velde yn Ljouwert lei it boekje op de toanbank, as ‘kassapakker’ foar fiif euro.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Teleks: Provinsje tsjin foarnimmen minister Slob om Tresoar ôf te stjitten

logo.ensafh

De provinsje makket him soargen oer de takomst fan Tresoar. Minister Arie Slob fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip wol dat alle histoaryske sintra, dus ek Tresoar, fan 2024 net mear ûnder in ryksregeling falle. Neffens de provinsje kin dat hielendal net, om’t Tresoar tige wichtich is foar de Fryske taal en kultuer en it Ryk dêr ek in soarchplicht foar hat. De provinsje hat dêrom in brief nei de minister stjoerd.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Geart Tigchelaar

Lêze yn koroanatiden

logo.ensafh

Ear’t alle ellinde begûn mei de koroanakrisis wie der lichte opskuor yn it literêre wrâldsje fanwegen it boekewike-essee fan Özcan Akyol, mei de titel Generaal zonder leger, dy’t de boel ris opskodzje woe. Hy fynt dat skriuwers te folle oer harren eigen soares skriuwe, wat oars net is as dat hja lije ûnder in gluten-yntolerânsje. Skriuwers fan no hawwe net echt wat belibbe, hawwe gjin bagaazje om sa te kommen ta wurken dy’t fierder rikke as harren bewijrikke bubbel. ‘In hemelsnaam, laat desnoods een oorlog uitbreken, geef ons armoede en ontberingen. De literatuur zal er flink bij gedijen. Eens kijken of een schrijvertje begint te zeiken over zijn glutenintolerantie als hij in loopgraven een polemisch pamflet moet tikken tegen een misdadig regime.… Lês fierder

Jan Ybema

Petear mei Paul van Dijk: Utbrekke mei it frije fers

logo.ensafh

Utbrekke mei it frije fers

,,As ik in moanne oars net dwaan mei as wurkjen, dan wurd ik hielendal gek.” Paul van Dijk fan Warkum kin net sûnder tiid foar himsels om kreatyf om te pielen en mar te sjen wat der fan komt. ,,Ik haw in grutte drang om wat te méítsjen.”

Wy sykje Paul op by him thús, tusken syn piano, boeken, poëzij en printen. Hoe kaam er derta om him mei de poëzijbondel Famke fan snie (2018) op dichtsjen ta te lizzen en wat driuwt him om dêrnjonken safolle ferskillende keunstfoarmen by de ein te hawwen?

,,Ik ha altyd in soad tekene, as bern al.… Lês fierder