A.IJ. van den Berg

Wa’t as skriuwer better wurdt, kin dochs in minder boek meitsje

logo.ensafh

Dregere boeken om te besprekken as ferhalebondels binne der net, sa haw ik de ôfrûne jierren murken. Meastentiids ûntbrekt de romte om oan alle ferhalen út sa’n samling rjocht te dwaan. Boppedat is in resinsje mei allinnich mar koarte gearfettinkjes saai om te lêzen.
Dus wurdt de resinsint wol twongen om sels de linen te lûken, om sa de konstanten yn al dy ferhalen sjen te litten. Mar wat dan as guon dielen fan it boek no krekt net yn dat soart fan yndielings passe?
Yn Douwe Kootstra syn nijste bondel stiet ien ferhaal dat oars is as oars. Normaal wie it sa dat Kootstra der op út giet, om dan letter te skriuwen oer wat der op syn paad kaam.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Nei in nije gearkomste is der folop kopij foar wer in pear ôfleveringen fan de digitale ensafh. Dat docht my deugd, mar dat betsjut net dat de skriuwers en dichters yn Fryslân hjeldei hâlde kinne. Der is genôch yn ’e wrâld dat ús omtinken fertsjinnet dêr’t oer skreaun wurde kin. Dat kin de realiteit wêze, dêr’t it ferhaal ‘De nacht fan de seame en it skilderij’ fan tsjûget. Lykwols kinne ek foto’s oanlieding ta kreative útspattingen jaan. Mar wat tochten jo fan wrâldliteratuer oersette yn it Frysk. Folle net genôch. Sels 17e ieuske sprekwurden kin foar ien yn Kanada oanlieding ta gedichten jaan.… Lês fierder

Piter Boersma

In bekearing mei help fan kofje

logo.ensafh

Yn syn nije dichtbondel Op ‘e kofje yn ‘e kosmos fertelt Jouke Hylkema yn dichtfoarm in ferhaal. It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel. De wiidweidige flaptekst makket de lêzer yn it foar paadwiis en dat is yn dit gefal moai meinommen (der stiet sels mear as yn de bondel sels oan gegevens te finen is): ‘Wy skriuwe it jier 2045: twa ierdlingen bemanje it romteskip ‘Nun’ dat al acht jier ûnderweis is nei “Sodom-y’. De NASA tinkt bewiisd te hawwen dat it libben op ‘e planeet oerienkomst hat mei it ûntstean fan it libben op ierde.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Jules Verne yn it Frysk: “In wrâldreis yn 80 dagen”

logo.ensafh

‘Wat binne der doch bysûndere minsken op ‘e wrâld,’ tocht ik, doe’t ik yn ‘e kunde kaam mei Garmt de Vries-Uiterweerd. Hy skille my op mei fragen oangeande syn plan en lit in Fryske oersetting meitsje fan Le Tour du monde en quatre-vingts jours. Oft der in Frysk wurdboek wie. Ja, dat wie der. Hoe koe hy deroan komme? Hy koe it bestelle by de AFUK. De AFUK? Ja, op ynternet te finen op afuk.nl. En sa mear oer mooglike oersetters en oer subsydzjemooglikheden.

En letter skille er my nochris mei de fraach wat de regels wiene foar Fryske wurdôfbrekking, dat doe stjoerde ik him in scan fan de rillevante siden út Rienk de Haan syn griene boekje foar it Frysk Mei freonlike groetnis.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Poëzij

De poëzij is diskear wer fan Ruurdtsje de Haan dy’t trochset mei har nijsgjirrige Escher-rige.
Ek Tigchelaar leveret diskear in bydrage.

Kollum

De wenstige kollums binne wer fan Willem Winters, no mei syn frou. Sokke pepsels haw ik noch nea hân, wol ik leauwe. Dat wie dan ek justjes foar myn tiid.
En Skermer hat mear as samar in oprisping!

Besprek

Eric Hoekstra hat de oersetting fan Jules Verne, In wrâldreis yn 80 dagen, besprutsen.

Reisferslach

Ulke Brolsma is wer op reis en sil fan syn avontoeren elke edysje in reisferslach fersoargje. Diskear is er yn Yndia. It lân hat twa kanten.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It klinkt klisjee, mar dat komt, omdat it gewoan sa wier as wat is: Fjirtjin dagen binne samar om. En dêrom hjir wer in nije ôflevering fan de digitale ensafh. En dan wurdt soks ek noch ferswijd yn it Boekemagazine? (Sj. kommintaar) De 34e ôflevering fan ensafh bewiist dat der mear literatuer is as wat dêr ynstiet. Om noch mar te swijen fan alle edysjes fan Farsk.

Hawar, diskear wer in nijsgjirrige ynhâld:

Poëzije

Om te begjinnen hat Piter Boersma in nije foarm fan gedichteskriuwen fûn. Nei Stjoer de strjitmakker moast er fansels in nij útgongspunt fine, en dat hat er dien.… Lês fierder