Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 2, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

Mei nocht, wille en ynmoed dit nûmer gearstald, wâlet foar it redaksjoneel dit yn my op.

De driuw
Om yn it Frysk literatuer te bedriuwen moatst knap eigensinnich wêze. Dochs? Of is it foar ien dy’t yn it Frysk grutbrocht is de maklikste wei? Kin hy of sy it miskien allinne mar foarinoar krije yn it Frysk? Wis it skriuwen yn it Frysk moat noch wol leard of byspikere wurde. Mar wat driuwt ien dy’t fan hûs út net Frysk praat om it Frysk oan te learen om Frysk skriuwer te wurden? Earne moat it skriuwen yn it Frysk, de Fryske literatuer oanlûkingskrêft ha.… Lês fierder

Redaksjoneel + Ynhâld Ensafh 1, 2020

logo.ensafh

Redaksjoneel

It is net oars. Ik bin rûzich yn ’e holle no’t ik dit redaksjoneel skriuw. Dit is it earste nûmer fan 2020. It begjin fan wer in jiergong. It moaie fan in leafhawwerij, in passy is dat dy jin net loslit. In leafhawwerij, in passy tilt jins libben op. Dei oan dei lûk ik nei literatuer ta, lûkt literatuer oan my. Ik moat lêze, ik moat skriuwe. En mei-inoar in nij nûmer fan Ensafh meitsje. Jierren oanien. En altyd wer hoopje dat de lêzers fan it blêd der wat yn fi ne dat harren pakt. Hoe moat men soks neame?Lês fierder

Beart Oosterhaven

Boudewijn de Groot ‘wertaald’

logo.ensafh

Oan ’e njonkelytsen moai lange rige fan albums dêr’t nasjonale en ynternasjonale artysten en groepen yn it Frysk op covere wurde, is ein ferline jier wer ien tafoege: Boudewijn de Groot yn it Frysk! Cees de Wolff fan Âldskoat hat foar dat album tsien besteande nûmers oerset. Of better sein: ‘wertaald’.

Popsongs yn it Frysk

En lit my it fuort mar sizze: Cees de Wolff en ’syn’ fiif útfierende artysten – dat binne: Grytz (= Grytsje Melchers, trije nûmers); Sipke de Boer (twa); Jan Dirk van Ravesteijn (twa); Adri de Boer (twa) en Jan Nota (ien nûmer) – hawwe wier net de minste bydrage levere oan ’e neamde rige!… Lês fierder

Syds Wiersma

Galway2020: De grutte lytse skriuwer

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed it fyfde ferhaal, it twadde diel oer Galway.

Galway2020
De grutte lytse skriuwer

Hy sit op in ferrinnewearre, stiennen muorke. In jongeseftige, gefoelige, yn himsels kearde man. Mei de hoed wat achter op ’e holle is de hege foarholle sichtber. In sensuele mûle. In stevige, strakke noas. In los dwersstrikje flinterjend oer de blûze. In rom sittend jaske.… Lês fierder

Syds Wiersma

Galway2020 (1)

logo.ensafh

Syds Wiersma reizge ôfrûne simmer twa moannen troch Ierlân om dêr te wurkjen oan in nije dichtbondel. Hy krige dêrfoar in projektsubsydzje fan it Nederlands Letterenfonds. De nije bondel sil ein 2020 ferskine. Foar Ensafh skriuwt er in rige literêre reisferhalen oer syn skriuwerstocht. Hjoed it fjirde ferhaal.

Galway2020
Diel 1

It is dat Galway de Corrib hat, oars soe ik it der net lang úthâlde. De stêd stiet my slim tsjin, dy earste dagen dat ik der tahâld. Mei mysels ferlegen doarmje ik troch de strjitten. Kinst yn it sintrum oer de koppen wol rinne en ik haw gjin idee wat ik sykje.… Lês fierder